Wat betsjut de brune float foar Fryslân en hoe bliuwt er yn libben?

© Nynke Elzinga
Posityf en negatyf nijs oer de âlde skippen fan de brune float wikselje inoar ôf. Yn sân jier tiid binne der seis minsken omkaam op in skip fan de brune float, wêrfan fiif op Fryske wetters. Mar tagelyk binne de skippen Frysk ymmaterieel erfgoed. Hoe belangryk is de float foar Fryslân?
De brune float is in sammelnamme foar 350 tradisjonele skippen dy't hjoed-de-dei brûkt wurde as passazjiersskippen op ûnder oare de Waadsee en de Iselmar.
De skippen binne faak mear as hûndert jier âld en waarden eartiids brûkt foar de frachtfeart of yn de fiskerij. Dat wie yn de tiid dat skipsmotoaren noch hast net brûkt waarden.

Kleur fan seilen

Yn de jierren santich begûnen in pear leafhawwers de âlde skippen te restaurearjen. Om de kosten dêrfan te drukken, binne se begûn mei it farren mei passazjiers, fariearjend fan 12 oant 50.
De namme 'brune float' komt fan de kleur fan de seilen, sa't dy eartiids wienen. Dy seilen waarden konservearre mei cachou, in kleurstof út ferskate tropyske beammen. Dat jout de seilen de brune kleur. Tsjintwurdich binne de measte seilen wyt.
© Omrop Fryslân, Simone Scheffer
De brune float is sûnt koart offisjeel ymmaterieel erfgoed. De gemeente Harns hat mei sa'n santich skippen de grutste brune float fan it lân en beklammet dat it in wichtich ûnderdiel is fan de regio en soarget foar omset.

362.000 oernachtings

In part fan dy ynkomsten komt út de toeristesektor. Ut gegevens fan de gemeente docht bliken dat dy foar in aardige finansjele ympuls soarget. Sa leare de meast resinte sifers (2017) fan dizze gemeente dat der jierliks sa'n 362.000 oernachtings boekt binne troch besikers fan de brune float. Sy bringe mei-inoar goed 21 miljoen euro oan bestegingen yn it laadsje.
Dat bedrach is ferdield oer de ynkomsten fan hotels (4,6 miljoen), charterfeart (10,8 miljoen), B&B's en fakânsjewenten (2,2 miljoen), en camping en jachthavens (3,4 miljoen).
Mear as de helte fan de oernachtingen fan dizze groep oernachte op in charterboat, nammentlik 53 prosint. In kwart keas foar campings en jachthavens, en 12 prosint slepte yn B&B's en fakânsjewenten (11 persint).

Oprop oan it Ryk

Winkels, leveransiers en ûndernimmers yn rekreaasje en toerisme profitearje dus fan de brune float. Provinsje Fryslân en de Fryske Waadgemeenten diene dêrom yn 2021 al in oprop oan it Ryk om struktureel jild frij te meitsjen foar de brune float. Benammen yn coronatiid hie de sektor it tige dreech.
Mar de oanfraach foar jild is net allinnich bedoeld foar de coronaskea, ek foar ûnderhâld op de lange termyn. Guon skippen farre noch op disel en dat moat oars.
Als je ombouwt naar een milieuvriendelijke dieselmotor, dan moet je rekenen op 100.000 à 150.000 euro.
Gijs van Hesteren, foarsitter fan de Verenigde Bruine Zeilvaart Harlingen
Ferduorsumje kostet lykwols in soad jild. "Als je ombouwt naar een milieuvriendelijke dieselmotor, dan moet je rekenen op 100.000 à 150.000 euro", seit Gijs van Hesteren, foarsitter fan de Verenigde Bruine Zeilvaart Harlingen. "En als je overgaat naar elektrisch, dan praat je over een veelvoud daarvan."
Neffens Van Hesteren is de animo der wol om te ferduorsumjen, mar it jild net. "Er is wel een potje beschikbaar gesteld door het Waddenfonds, en zo zijn er meer voorbeelden. Maar heel structureel is het allemaal niet."

Farrende jeugdherbergen

De sektor is ek al skoften dwaande om nije wizen te finen om jild te fertsjinjen. Oarspronklik wienen de skippen faak farrende jeugdherbergen foar skoalklassen, mar der binne oare merken te betinken.
"Denk aan gepensioneerden met 'middelen'", seit Van Hesteren. "Voor cruisevaarten op zee worden enorme bedragen betaald. Dat kan een prachtig product zijn, waar je samen de Wadden beleeft. Je moet een breder product aanbieden: dus niet alleen zeilen, maar ook een kok aan boord, een gastheer. Misschien een gids."

Utdaging foar opfolgers

In oare útdaging foar de kommende tiid is it feit dat in soad skippers mei pensjoen geane. In grut part fan de skippers is ein sechstich. Der stiet in jongere generaasje klear om har op te folgjen, allinnich dat giet net sa hurd. It kostet nammentlik nochal wat, wolle je in skip oernimme.
"Die jongere garde is vaak met ons in aanraking gekomen als klant", fertelt Van Hesteren. "Later komen ze dan aan boord als matroos bijvoorbeeld en sommigen willen op termijn een schip overnemen. Maar vanwege allerlei eisen die banken stellen, is dat niet eenvoudig. Als je een ouder hebt met een jubelton, wordt het al gemakkelijker."