Streken op ‘e dyk as needoplossing foar fytsers, mar Aldehaske wol mear

Simon Waley mei de fyts yn Aldehaske © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Aldehaske is bliid dat der in needoplossing is foar de ferkearsfeiligens yn it doarp. Gemeente De Fryske Marren hat markearringen op de dyk oanbrocht foar fytsers. Dochs wol it doarp mear.
De ynwenners fan Aldehaske binne al jierren oan de gong mei de ferkearsfeiligens. De Jousterwei is drok en wurdt brûkt troch fytsers, frachtweinen en auto's, dat kin foar gefaarlike situaasjes soargje.
Ien fan de knyppunten oan de Jousterwei is op 'e hichte fan v.v. Aldehaske, dêr't fytsers fan it fytspaad de dyk op moatte en oarsom. Itselde jildt foar de westkant fan de beboude kom, dêr't fytsers op 'e hichte fan de camping ek fan it fytspaad ôf de dyk op moatte.

Oerstekplak

Mar no is der in needoplossing. "Sinds een paar dagen is het duidelijk dat hier een fietsoversteekplaats is. Daar zijn we blij mee. Een week geleden zijn we om tafel geweest met de wethouder en nu liggen er al witte strepen. Dat is een mooi begin", seit Simon Waley fan de wurkgroep ferkearsfeiligens yn Aldehaske.
"Wat ons betreft hebben we goede afspraken gemaakt. De gemeente betrekt ons bij onderzoek over fietsen binnen en buiten het dorp, dus ook naar Heerenveen en Haskerhorne. Dan kijkt de gemeente ook naar de snelheden van automobilisten."
De streken by it fytspaad yn Aldehaske © Omrop Fryslân
Waley stiet by de streken dy no oanbrocht binne. De wurkgroep set him al jierren yn om de situaasje te ferbetterjen. "In de coronaperiode zijn we begonnen met analyses en we hebben ook metingen gedaan met een matrixbord in het dorp. Het is niet iets wat je in een paar dagen doet. Maar er komt actie, dus dat is mooi."

Net struktureel

"Een noodoplossing is nog geen structurele oplossing", seit Waley. "Mensen rijden veel te hard door het dorp, daar moet ook wat aan gebeuren. De combinatie van snel rijden en overstekende fietsers is natuurlijk niet zo handig."
Wat de úteinlike oplossing wêze moat, wit Waley net. "Wij zijn geen verkeerskundigen, maar we constateren een probleem. Met de gemeente willen we kijken wat de beste oplossing is."
Streken op ‘e dyk as needoplossing foar fytsers, mar Aldehaske wol mear
"Wy hawwe sjoen wat no reëel is," seit wethâlder Irona Groeneveld. "Wy hawwe jild krigen fan de ried om nei de simmer in ûndersyk op te setten nei in mooglike trochfytsrûte troch Aldehaske. We witte noch net wat dêrút komt, mar it soe kinne dat Aldehaske op 'e skeppe moat. Mei dat yn de efterholle moast no net yntinsivere maatregels treffe."
De wethâlder wurket gear mei de wurkgroep. "It doarp jout oan it measte soargen te meitsjen om fjouwer fytsoerstekplakken. Wy binne gjin foarstanner fan in soad ferkearsbuorden, mar wite begeliedingsstreken oer de dyk kin wol. Dêrmei kinst de oandacht fan de auto's ek mear op de dyk fêstigje."

Undersyk

Groeneveld seit ta dat se Aldehaske net út it each ferlieze sil. "It is gjin strukturele oplossing, mar yn dy stúdzje oer de trochrydrûte krijt de fyts úteinlik foarrang. It is wichtich dat der goed trochfytst wurden kin, sûnder al te folle obstakels. De wurkgroep wurdt ek belutsen by de stúdzje. Dêrnei sille we sjen nei de langetermynmaatregels."