Klapmûtsejong ferpleatst, bysûndere seehûn is al 25 kilo oankaam

De klapmûtsen © Gerard Koster Joenje, vlielandplaatjes.nl.
It jong fan de klapmûtse dat moandei op Flylân berne waard, is nei in oare lokaasje ferpleatst. Dat meldt seehûnesintrum Pieterburen. It sintrum hat noed oer minsken dy't de seldsume seehûnesoart sjen wolle, want it jong hat rêst nedich.
De sûchperioade fan it bist is hiel koart, fjouwer dagen. Dêrnei ferlit de mem it jong. Dat is yntusken bard. "De moeder heeft flink wat werk verzet, hij is 25 kilo aangekomen sinds de geboorte. Hij kan de komende weken teren op de moedermelk, dat tussen de 60 en 70 procent vet bevat", seit Sander van Dijk fan seehûnesintrum Pieterburen.

Fersteurd

De pup soe gewoanwei wiken op it strân lizzen bliuwe en hat rêst nedich. As minsken it bist, in mantsje, benei komme, kin dat foar stress soargje. De seehûn soe dan de see yn flechtsje kinne, wylst it dêr noch net sterk genôch foar is. Om dat foar te kommen, is it bist dus ferpleatst.
"Je zag dat de pup continu verschrikt opkeek. Wij denken daarom dat één keer ingrijpen beter is voor de klapmuts dan continu verstoord worden", stelt Van Dijk.
It bist libbet gewoanwei om Grienlân hinne en hâldt him yn libben troch oan it iis te slikjen. Dat kin op Flylân fansels net. "Maar het kan net zo goed ook met zeewater, waardoor ze een klein beetje kunnen hydrateren", seit Van Dijk. "Uitgangspunt is wel dat ze stil blijven liggen en weinig verstoring krijgen."
De klapmûtse stiet op de reade list fan bedrige bisten fan natuerorganisaasje IUCN en komt normaal dus net foar yn Nederlân.