Man út Ljouwert stelt bankpas en keapet klean: 100 oeren wurkstraf

Vrouwe Justitia © ANP
In 39-jierrige man út Ljouwert dy't yn juny ferline jier út in kantoarpân yn Frjentsjer in bankpas mei koade stiel, is feroardiele ta in wurkstraf fan 100 oeren en in selstraf ûnder betingst fan in moanne.
Nei't er earst yn Harns 500 euro pind hie, wie er nei Ljouwert gien dêr't er, wylst er behoarlik ûnder ynfloed wie, foar hast 3.000 euro oan klean oanskafte. Ek kocht er in djoer horloazje.

Teloarsteld yn helpferliening

De man wie teloarsteld yn de helpferliening dy't er krige, dy wie neffens him tekoartsketten, fertelde er de plysjerjochter. Nei't er oanhâlden wie, bekende er en sei er ta dat er de eigener fan de pas sûnder skea stelle soe.
As gebear fan goede wil hie er de man alfêst it djoere horloazje jûn. De man siet doedestiids yn in beskerme wenjenprojekt yn Frjentsjer. Hy sit no yn in ynstelling yn Ljouwert, dêr't er him folle better op syn plak fielt. Njonken de wurkstraf lei de rjochter ek in drank- en drugsferbod op.