Slach op de trom op De Tynje: al 40 jier krije skoalbern yn Opsterlân muzykûnderwiis

Muzykûnderwiis yn de gymseal © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
In bysûnder jubileum yn de gemeente Opsterlân. Dêr bestiet it muzykûnderwiis 40 jier. By dy mylpeal wurdt troch in soad basisskoallen wiidweidich stilstien.
It giet om it saneamde IMV-ûnderwiis (Individuele Muzikale Vorming). Woansdei 5 april jout in flinke delegaasje basisskoallelearlingen in mega-konsert yn Sportcentrum Kortezwaag. Der wurde de tûzen bern ferwachte. Om goed repetearjen te kinnen, meie de bern it ynstrumint dat se brûke ek mei nei hûs nimme.
40 jier muzykûnderwiis op De Tynje
Freedtemoarn oefenje de groepen 4 oant en mei 7 fan OBS de Opstekker mei slachwurk, gitaar en it keyboard. 40 jier lyn kaam it inisjatyf foar it muzykûnderwiis fan de gemeente Opsterlân. Sy woenen dat bern mear leauden yn harsels. Under skoaltiid krigen learlingen les op muzykynstruminten troch fakspesjalisten.

Ynstrumintefûns

De skoallen fine it wichtich dat bern muzykûnderwiis krije om't learlingen har uterje kinne fia muzyk, dûns, teäter, byldzjende foarming en kreativiteit. It soe neffens de gemeente ek bydrage oan de yndividuele ûntwikkeling fan bern.
De measte aktiviteiten wurde finansiere troch de gemeente Opsterlân. Se ha dêr in spesjaal ynstrumintefûns foar. It IMV-ûnderwiis wurdt organisearre troch de kultuercoach yn de gemeente.