Einferslach ferkenner is klear: dit is hoe't de koälysjepartijen inoar fûnen

Friso Douwstra (CDA), Edou Hamstra (PvdA), Matthijs de Vries (CU) en Abel Kooistra (BBB) © Omrop Fryslân
Abel Kooistra (BBB) is wiis mei it foarstel foar in koälysje fan BBB, PvdA, CDA en CU. Dochs wie it wol in drege kar, seit er. "Want it giet ek om minsken en partijen dy't je teloarstelle."
"Wy hiene yn 't foar gjin foarkar, wy stiene der as fraksje hiel iepen yn. Wat past it bêste foar Fryslân, dat wie ús ynstek", seit fraksjefoarsitter Kooistra. Uteinlik leine der sa'n acht opsjes foar. "Mar as je alles bydel geane, dan is dit dochs echt de bêste kombinaasje."
Abel Kooistra fan BBB © Omrop Fryslân
Fan de seis partijen dy't oerbleaune by de twadde petearronde fan ferkenner Chris Stoffer, binne FNP en VVD bûten de boat fallen.

Gjin FNP en VVD

"It spande der om mei de FNP", jout Kooistra ta. "Mar wy woene in stabile mearderheidskoälysje, dêr seagen wy by de PvdA krekt wat mear punten. De Partij van de Arbeid hie krekt wat mear streekjes foar."
Avine Fokkens (VVD) en Sijbe Knol (FNP) © Omrop Fryslân
Wat de VVD oanbelanget kaam Kooistra ta de konklúzje dat BBB en VVD op it mêd fan mienskip en leefberens "krekt wat te fier útinoar" leine.
Wol seit Kooistra: "Op persoanlik flak fyn ik it tige begrutlik." Dêrmei wiist hy op Avine Fokkens, dy't no deputearre is foar de VVD.

BBB en PvdA fûnen inoar op 'twadde B'

Edou Hamstra jout oan dat foar de PvdA dúdlik wie dat BBB 'in the lead' wie mei de grutte ferkiezingswinst. Mar de PvdA waard wol de twadde partij. "Wy wolle dy ferantwurdlikens nimme", seit sy. Hamstra is boppedat fan betinken dat der 'patroanen trochbrutsen' wurde moatte yn it provinsjebestjoer.
Hamstra jout ta dat in kombinaasje mei BBB net perfoarst foar de hân leit. "Op ynhâld ferskille wy somtiden, mar op in soad punten kinne wy inoar ek fine", seit sy. Hamstra doelt dêrmei bygelyks op it belang fan mienskipssin en in leefber plattelân.
Edou Hamstra (PvdA) © Hoge Noorden / Jacob van Essen
Kooistra heakket dêr oan ta dat de partijen inoar benammen fine op 'de twadde B' fan BBB: dy fan 'Burger.' "Dy fine wy ek in soad werom yn de PvdA. Dêryn kinne wy it goed fine."

PvdA hat GL loslitten

De koälysje betsjut wol dat de PvdA de gearwurking mei GrienLinks loslitten hat. "GrienLinks stiet ticht by ús. Uteinlik is it mei har net slagge, mar wy hawwe fanút de ynhâld wol mei dizze partijen sjoen hoe't wy wat berikke kinne."
"Fansels hiene wy hjir graach mei GrienLinks stien", seit Hamstra nochris mei klam. "Mar wy hawwe ek altyd sein, wy hannelje fanút de ynhâld."

CDA: "Passende beskiedenheid"

Foar it CDA wie it, sa't Friso Douwstra oanjoech, "wol efkes wat oars." It CDA hie in minne ferkiezingsútslach en hat te lijen fan in grut ferlies. "Dat hawwe wy wol ferhakstikje moatten. Wy hawwe inoar oansjen moatten: is dit no wol ús tiid en ús plak?"
Mar úteinlik kaam de CDA-fraksje dochs ta de konklúzje dat it mei- en foar de minsken fan Fryslân bestjoere wol. "Mar wol mei passende beskiedenheid."
Deputearre Friso Douwstra © Hoge Noorden / Jacob van Essen
Foar Matthijs de Vries fan de ChristenUnie is it dielnimmen yn in koälysje in boppeslach. It is foar it earst sûnt 2011, seit er. "In unike situaasje, dêr't wy tankber foar binne."
De Vries fynt de fjouwer partijen in ôfspegeling fan de mienskip. Dêr slút Douwstra him by oan: "Dwers troch it midden en fuort fan polarisaasje."
Matthijs de Vries (ChristenUnie) © Hoge Noorden / Jacob van Essen
It einferslach fan ferkenner Chris Stoffer en de petearferslaggen binne nei Provinsjale Steaten stjoerd. Takom woansdei wurde de útkomsten bepraat yn in debat yn Provinsjale Steaten. Pas dêrnei wurdt ek neitocht oer in formateur, jout Kooistra oan.