Ferkenner stelt koälysje mei BBB, CDA, PvdA en ChristenUnie foar

Ferkenner Chris Stoffer © ANP
Ferkenner Chris Stoffer stelt in koälysje fan BBB, CDA, PvdA en ChristenUnie foar. Dêrmei falle FNP en VVD bûten de boat. "Dit leek wel de samenstelling te zijn die aan alle voorwaarden voldoet", sei Stoffer.
Mei-inoar hat de koälysje fan fjouwer partijen in mearderheid fan 25 fan de 43 sitten yn Provinsjale Steaten. De ferkenner hold freedtemiddei in parsekonferinsje om syn befiningen bekend te meitsjen.
Neffens Stoffer die al gau bliken dat BBB en it CDA it 'motorblok' foarmje soene foar in nij kolleezje fan Deputearre Steaten. "De vraag was daarna hoe we daar een auto omheen zetten", sei Stoffer.
Friso Douwstra (CDA), Edou Hamstra (PvdA), Matthijs de Vries (CU) en Abel Kooistra (BBB) © Omrop Fryslân
Dêr kamen úteinlik twa partijen út: de Partij van de Arbeid en de ChristenUnie. Stoffer joech oan dat neffens him bliken dien hat dat de PvdA bestjoersferantwurdlikens op him himme kin en stevige bestjoerders leverje kin. Boppedat joech BBB oan dat de PvdA ek 'een ander deel van de kiezers vertegenwoordigt' en it rjocht docht oan de ferkiezingsútslach, wêrby't de PvdA de twadde partij waard.
De ChristenUnie, en benammen de persoan fan fraksjefoarsitter Matthijs de Vries, hat him konstruktyf opsteld. Mei de PvdA soe de koälysje al in mearderheid hawwe, mar mei it taheakjen fan CU soe der noch mear 'comfort in zetels' ûntstean.

Gjin FNP en VVD: "Je moet keuzes maken"

FNP en VVD hawwe neffens Stoffer oanjûn wol ferantwurdlikens drage te wollen yn it bestjoer, mar de gearstalling mei de oare fjouwer partijen lei dochs mear foar de hân. Stoffer hat wol begryp foar FNP en VVD en sjocht dat it muoilik foar de partijen is. "Maar uiteindelijk moet je keuzes maken."
De FNP hie wol de iennige mooglike koälysjepartner west mei ferkiezingswinst, mar de FNP "voegt iets minder toe aan de gewenste breedte", sa skriuwt Stoffer. Itselde jildt foar de VVD, dy't ek nochris in sit minder yn te bringen hat (trije sitten).
Ferkenner stelt koälysje mei BBB, CDA, PvdA en ChristenUnie foar
De FNP lit witte teloarsteld te wêzen oer de útkomst fan it ferslach en neamt de kar fan Stoffer "bysûnder." "Wy hiene oars ferwachte, ek nei oanlieding fan de petearen mei Stoffer", seit fraksjefoarsitter Sijbe Knol. "Tematysk sitte wy hielendal net fier fan elkoar ôf en de kiezers hawwe de FNP wer in stevich mandaat jûn."
Neffens Knol docht de kar fan Stoffer gjin rjocht oan de ferkiezingsútslach. "As iennichste partij hawwe wy net ferlern en yn absolute oantallen binne wy groeid. Mar wy binne net ferslein troch dit nijs."
VVD-foarsitter Zwany van Brussel seit it spitich te finen fat har partij gjin ûnderdiel is fan de koälysje, mar winsket de oare partijen wol sukses. Van Brussel jout oan dat de VVD besiket kritysk en konstruktyf te bliuwen, ek yn de opposysje.
Abel Kooistra fan BBB © Omrop Fryslân
De fraach fan BBB wie om in romme mearderheid te krijen, mei fjouwer partijen dy't op ynhâld en op persoanlik flak mei-inoar troch ien doar kinne. Stoffer jout oan dat de programmatyske ferskillen 'overbrugbaar' binne.
It is no de bedoeling dat der in formateur oansteld wurdt om it kolleezje fan Deputearre Steaten foarm te jaan. De bedoeling is dat der foar de simmer in koälysje-akkoart op papier fêstlein is.

Fjouwer partijen wie de ynstek

Stoffer makke op moandei al bekend dat der fierder praat wurde soe mei seis partijen: neist de BBB de PvdA, CDA, FNP, VVD en ChistenUnie.
Chris Stoffer by de parsekonferinsje © Omrop Fryslân
Syn 'zwaarwegend advies' wie al dat der fjouwer partijen oerbliuwe moasten. Abel Kooistra koe him dêr ek yn fine. Mei seis partijen soe it wol hiel dreech wurde om in koälysje-akkoart op haadlinen ôf te praten. Mar fjouwer partijen soe in stabyl bestjoer foarme wurde kinne en it soe boppedat rjocht dwaan oan de ferkiezingsútslach.
Kooistra trune der op oan dat de ferkenning mei faasje gean soe, om ek dúdlikens te jaan oan de oare partijen.

Chris Stoffer

Twa wiken lyn presintearre BBB-listlûker Abel Kooistra Chris Stoffer as ferkenner. Dat makke hy bekend yn It Polytburo. Kandidaat-deputearre Femke Wiersma ken Stoffer en hat noflik mei him gearwurke. Stoffer is sûnt 2018 lid fan de Twadde Keamer foar de SGP.
Kooistra hope yn Stoffer ien te finen dy't boppen de partijen stiet en ûnôfhinklik is. De SGP die yn Fryslân ek net mei oan de ferkiezingen. Stoffer wie earder al ferkenner foar it kolleezje fan Nunspeet.