Ald-topkeatser Johannes Brandsma (65) ferstoarn

© Kaatsnieuws.com
Ald-topkeatser Johannes Brandsma is yn de nacht fan tongersdei op freed ferstoarn. Hy mocht mar 65 jier wurde.
Brandsma wie benammen yn de jierren 80 in grutheid op de Fryske keatsfjilden. Hy wûn bygelyks fjouwer kear de PC (1982, 1983, 1987, 1988). De earste twa fan dy oerwinningen behelle hy mei Sake Saakstra en Piet Jetze Faber. Yn totaal keatste Brandsma 658 klassemintspunten by inoar op de Fryske keatsfjilden.

Legendaryske formaasje

Hy foarme mei Saakstra en Faber in legindaryske formaasje, dy't mar leafst 41 frije formaasjepartijen op harren namme skreaune. Dat hat jierrenlang in rekôr west. Yn 2013 waard it ferbrutsen troch it partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger.
Ald-topkeatser Johannes Brandsma (65) ferstoarn
Johannes Brandsma hat ek twa perioades yn België aktyf west as semi-prof. Hy keatste dêr foar keatsklup Braine le Comte. Ek yn België, dêr't it pelotespul spile wurdt, wie hy in fenomeen.

Slim siik

Brandsma waard, ta syn eigen teloarstelling, nea kening fan de PC wylst hy dêr benammen yn 1988 neffens in soad minsken wol rjocht op hie. Dat fûn hy sels ek.
De titel Keatser fan de tweintichste iuw gie ek oan him foarby. In spesjale kommisje keas lang om let foar Hotze Schuil.
Brandsma krige in pear moanne ferlyn te hearren dat hy slim siik wie. Dochs kaam syn ferstjerren noch ûnferwachts.