Njoggen fragen: hoe wurdt de feilichheid fan de brune float yn de gaten hâlden?

© Omrop Fryslân, Aise van Beets
De Inspectie van de Leefomgeving en Transport is de ynstânsje dy't him dwaande hâldt mei de feiligens fan de skippen yn de brune float. Nei it dramatyske farseizoen fan ôfrûne jier komt der noch mear druk op de ynstânsje te lizzen. Wat foar ynstânsje is it en hoe hâlde se tafersjoch?
1. Wat is de ILT?
Inspectie van de Leefomgeving en Transport is de tafersjochhâlder fan it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat. De ILT hâldt yn 35 sertifisearringsstelsels tafersjoch op bedriuwen dy't feilichheidssertifikaten útjouwe. Binnen dy sektoaren wurdt sjoen oft de sertifikaten terjochte ôfjûn binne.
2. Wat docht de ILT by de brune float?
Ien fan dy stelsels is de binnenfeart wêr't de brune float ûnder falt. De ynspekteurs kontrolearje oft oan alle wetlike easken foldien wurdt en oft de skippers de goede dokuminten oan board ha. Dêrfoar moatte se fysyk op it skip wêze. Wat de ILT op dit stuit docht is it sjen oft skippen sûnder jildige sertifikaten net útfarre. At in sertifikaat ferrûn is kriget de eigener in skriftlike warskôging fan de ILT.
Dêrneist binne se ferantwurdlik foar de hanthavening en hâlde dus ek yn de gaten of dizze skippen sûnder sertifikaasje yn oertrêding binne fan de binnenfeartwet of net.
3. Wat foar sertifikaten binne nedich en by wa leit de ferantwurdlikheid oft de goeie papieren oanwêzich binne?
In silend passazjiersskip mei mear as tolve persoanen hat twa haaddokuminten nedich: it 'Certificaat van Onderzoek' en it 'Bewijs van Tuigage'. Dat binne dokuminten wêryn stiet dat it skip feilich is en dat ûnder oare de mêst, gyk en touwen yn goeie kondysje binne.
De ferantwurdlikheid leit by de eigener fan it skip. Dy moat derfoar soargje dat de sertifikaten op oarder binne. Dat hoecht dus net altyd de skipper te wêzen.
De brune float yn Harns © Omrop Fryslân
4. Hoe kontrolearret de ILT?
De ynspeksje kontrolearret no steksproefgewiis en risikostjoerd. De kontrôles smite foar de ynspeksje resultaat op. Alle jierren wurde skippen oan de ketting lein. Sels wolle se fleksibeler wurde troch data te brûken fan de transponders fan skippen. Fart ien út sûnder jildige papieren dan soe der in alarm ôfgean moatte.
5. Hoe kin de ILT hanthavenje?
Mochten der oertrêdingen wêze dan kin de ynspeksje in boete jaan en it skip stillizze. Dit dogge se yn gearwurking mei havens, provinsje, plysje en Rykswettersteat.
6. Hoe giet it mei de ynstânsje?
De Inspectie Leefomgeving en Transport hat yn jannewaris oanjûn dat net alles goed giet. Der binne twifels of de sertifikaten foar feilichheid en kwaliteit wol terjochte ôfjûn wurde. De ynstânsje die hjir sels ûndersyk nei. Anuschka Otten, programmamanager by de ILT sei yn de reportaazje fan Nieuwsuur: "Dat wil niet zeggen dat alles onveilig is, maar ook niet dat het 100 procent veilig is. We zien het niet goed genoeg."
7. Wat docht de ynstânsje om no better te wurkjen?
Yn 2017 komt de Onderzoeksraad voor de Veiligheid (OVV) mei in rapport wêrút blykt dat de kennis fan de skippers en ûnderhâldmeiwurkers net goed genôch is. Dit skriuwt de OVV: "Uit het onderzoek blijkt dat de ILT dit zicht niet heeft voor zover het keuringen van zeilende passagiersschepen betreft. De ILT oefent de facto geen toezicht uit op de wijze van keuren van zeilende passagiersschepen, en bij het toezicht dat de ILT rechtstreeks aan boord van de schepen uitoefent worden cruciale onderdelen zoals masten niet gecontroleerd."
Der is yntusken in soad yn feroare, sa stelt de ILT sels. Der is in ekstra keuringsburo en ek wurde sûnt ein 2022 workshops organisearre mei ynspekteurs, skipstimmerbedriuwen en skippers om kennis mei mekoar te dielen. Dêrneist is de ynstânsje transparanter troch in online register te iepenjen mei dêrop skippen dy't de goede sertifikaten ha.
8. Wat foar gefolgen hat it tekoartsjitten fan de ynstânsje foar de float?
Troch it tekoartsjitten fan de ILT komt de ferantwurdlikheid foar feilichheid no noch mear by de skippers te lizzen, dat seit Paul van Ommen fan de Vereniging voor Beroepschartervaart. "Schepen kunnen onderling kijken of ze de juiste certificaten hebben, of een boekingskantoor kan nu kijken welke schepen goed gecertificeerd zijn. Als je niet op het lijstje staat kan het een uitnodiging zijn tot meer vragen."
9. Wat fine skippers fan it funksjonearjen fan de ILT?
Skippers binne oan de iene kant hiel tefreden oer de ILT as it giet om ynspeksjes. It is tige wichtich om goed te kontrolearjen oft de skippen yn de oarder binne. Tagelyk liket de organisaasje der net yn te slagjen om de rotte apels út de brânsj te heljen.

Seis deaden yn sân jier

Op 21 augustus 2016 komme trije Dútske manlju fan 19, 43 en 48 jier om it libben op de klipper Amicitia krekt bûten de haven fan Harns. It plak dêr't de mêst fan ôfbruts wie foar trijekwart ferrotte.
Yn maart 2019 kaam der yn Zaandam in persoan om it libben troch in mêstbrek doe't dy ynspektearre waard.
26 maaie ferline jier ferstoar 79-jierrige man by in slim ûngelok op charterskip Wilhelmina doe't hy rekke waard troch de stielen mêst.
En as lêste it ûngelok op charterskip De Risico yn augustus 2022. Op dat skip bruts in gyk en dêrby kaam de 12-jierrige Tara om it libben.