Brânwacht hellet drinkeling út wetter oan Prinsetún yn Ljouwert

De brânwacht hat freedtemoarn in man út it wetter helle oan de Prinsetún yn Ljouwert. De man wie troch ûnbekende oarsaak yn it wetter rekke en koe der sels net mear útkomme.
In foarbygonger dy't de hûn útliet seach dat de man help nedich hie en skeakele de helptsjinsten yn. Oant dy oankommen wiene, hâlde er him fêst op 'e kant.
De drinkeling wie noch oansprekber en koe mei help fan in trep fan de brânwacht út it wetter klimme. Hy is yn in tekken foar kontrôle nei it sikehûs brocht.