Reptilen wurde hieltyd faker werombrocht: "Terrarium in djoere saak"

© Auke Zeldenrust, Omrop Fryslân
Reptileasyls hawwe it drok mei de opfang fan slangen, spinnen en leguanen. Yn de coronakrisis binne se massaal oanskaft, no wurde se massaal wer ynlevere. Ek wolle in protte minsken de reptilen fanwege de hege enerzjykosten net langer mear hâlde.
Dat fernimme se ek by reptilewinkel Repticura yn Ljouwert. Eigener Ytsje Elsinga ferkeapet slangen, spinnen, gekko's, hagedissen en noch folle mear soarten reptilen. Yn de coronatiid mocht de winkel iepen bliuwe en waard der goed ferkocht.
No't dy krisis foarby is, bringe in protte minsken de bisten werom. "Minsken kinne der wer op út en fan alles dwaan. Dêr past de fersoarging fan in slang of in oar reptyl net yn", fertelt Elsinga oer werom't minsken sa massaal fan harren bist ôf wolle.
© Auke Zeldenrust, Omrop Fryslân
Elsinga nimt alle reptilen werom. Dat komt om't se it alternatyf, deameitsje of dumpe yn 'e natuer, net ha wol. "Guon klanten wolle harren jild werom mar dat dogge we net. Dat leveret wolris diskusjes op mar dêr kinne we net oan begjinne. Wy meitsje ek kosten om se wer op te fangen en te fersoargjen."

De lêste tiid sjocht de reptilewinkel hieltyd mear klanten werom troch de enerzjykrisis. "De reptilen hawe ferlet fan waarmte en ljocht, oars wurde se swak of siik. Ien terrarium is noch wol te beteljen, mar at je der fjouwer hawwe, wurdt it wol in djoere saak."
© Auke Zeldenrust, Omrop Fryslân
De eigener fan de reptilewinkel warskôget minsken dan ek om net samar in reptyl te nimmen. Sa'n bist yn hûs freget neffens Elsinga in grutte ferantwurdlikheid en in soad tarieding.