Wol Nyck de Vries slagje yn de F1, dan moat er dizze koereur ferslaan

Yuki Tsunoda en Nyck de Vries © Red Bull Content Pool
De opdracht foar Nyck de Vries dit seizoen is dúdlik: teamgenoat Yuki Tsunoda ferslaan. Neffens it alâlde adagium is dat it earste dat je as koereur yn in nij team dwaan moatte. Mar wa is dy Tsunoda eins?
De Japanner hat de reputaasje fan in ûnlaat projektyl. Rap, mar grillich. In koereur dy't syn emoasjes net yn betwang hâlde kin, ta grut fermaak fan de fans dy genietsje fan syn tirades oer de boardradio. Mei syn hege knuffelgehalte is de lytse Japanner ien fan de publyksleaveling. Hy is ûnbefongen, grappich en laket krekt safolle as er flokket.
Yn it deistich libben flokje ik minimaal ien kear de minút.
Yuki Tsunoda
Foar dat lêste hat Tsunoda fan de teamlieding by AlphaTauri foarôfgeand oan de GP fan Saudi-Arabië it driuwende fersyk krigen himsels mear yn betwang te hâlden. Trouwens net foar it earst. Neffens de Japanner heart dat flokjen by him. "Yn it deistich libben flokje ik minimaal ien kear de minút."

Net raze

De Japanner is dwaande oan syn tredde seizoen en neffens teambaas Franz Tost is it tiid dat syn koereur him dêr ek nei hâlde sil. "Yuki mei syn emoasjes úterje, mar yn de auto moat alle fokus en enerzjy gean nei it racen. Mei razen helpt er net ien", sei Tost tsjinoer FORMULE 1 Magazine.
Yuki Tsunoda moat him dit jier 'better gedrage' yn de auto © Red Bull Content Pool
Tsunoda is sels fan miening dat er al better mei omgiet dan yn syn earste jierren. Hy wie 19 doe't er syn debút makke, nochal in ferskil mei Nyck de Vries dy't al 28 is. It debút fan de Japanner like goed foar de takomst. Hy skoarde in WK-punt tidens syn earste race, mar de rookie koe dat nivo net folhâlde.

Takomstich wrâldkampioen

Hy makke domme en ek kostbere fouten. Wat letter liede soe ta syn bekentenis de Formule 1 ûnderskat te hawwen. En dat wylst Red Bull's topman Helmut Marko him al omskreaun as in takomstich wrâldkampioen. Mei ta gefolch fan dy hege druk, rekke Tsunoda syn selsfertrouwen kwyt. Mei tank oan de help fan teambaas Franz Tost en eardere teamgenoat Pierre Gasly fûn er himsels werom.
Dat naïve bliuwt lykwols oan him kleven. Oant syn F1-debút hie er gjin idee hoefolle pk in Formule 1-auto hat (Hy tocht 2, it binne der lykwols 1000). Dêrtroch wurdt syn link mei Honda (Tsunoda is syn folsleine karriêre stipe troch de motorbouwer) der faak by helle wurdt as fergoedliking foar syn AlphaTauri-stuoltsje.
De tredde plak yn it Formule 2-kampioenskip (de opstapklasse nei de F1) wêryn hy trije oerwinningen behelle, sizze lykwols genôch oer syn bekwamens.
AlphaTauri-koureurs De Vries en Tsunoda yn petear mei Pierre Gasly © Red Bull Content Pool

Technysk ynsjoch

Nettsjinsteande moat er it op technysk mêd ôflizze tsjinoer syn teamgenoat Nyck de Vries. De Twellegeaster wurdt troch syn teambaas omskreaun as ien fan de meast bedreaun koereurs mei technysk ynsjoch yn de auto en dêrmei in oanwinst foar AlphaTauri.
Ek Tsunoda erkent dat. "Kwa technyske feedback jout Nyck altiten syn detaillearre ynformaasje. Ik gie eins nea safier yn de details. Yn dat opsicht lear ik in soad fan Nyck en dat is fansels goed", ferklearret er tsjinoer Motorsport.
Kwa technyske feedback jout Nyck altiten syn detaillearre ynformaasje, en dêr lear ik fan.
Yuki Tsunoda
Op dat mêd hat De Vries dus in streepke foar op Tsunoda. Mar hoe sit dat op de baan? Yn de eardere twa races moast de koereur út Twellingea syn meardere werkenne yn syn jongere teamgenoat. Wie der reedlik lyk kwa rondetiden en dan sjochst progresje. Mar De Vries is in koereur dy't de kat út de beam sjocht. Dat betrouwen nedich hat.

Mear risiko

Selskritysk as er is, wit er dat dit net genôch is. Dat er der in skepke boppe-op by dwaan moat, wol hy it gefjocht mei Tsunoda winne. Minder foarsichtich wêze, mear oanfalle en mear risiko nimme. Ek op Albert Park, dat in op 'e nij in ûnbekend sirkwy is.
Teambaas Tost stiet efter him. "Nyck is noch hieltyd oan it learen. As in nijkommer yn de formule 1 is it noch dreger prestearjen as de auto foar problemen soarget. It is oan ús om him in kompetytive auto te bieden. As er in goede auto hat, sil er der stean, dêr bin ik fan oertsjûge", seit Tost tsjinoer Motorsport Week.
© Red Bull Content Pool

Tsunoda spint, meganysk probleem De Vries

De earste trainingsdei yn Australië wie typysk foar it strjitsirkwy yn Melbourne. De earste frije training wie ynsidintryk mei meardere F1-koereurs dy't útstapkes troch it grint makken. It opfallendst wie de skower fan Yuki Tsunoda.
De teamgenoat fan De Vries koe syn AlphaTauri nei in spin, wêrby't er stuiterjend troch it grint gie, mar krekt út de muorre hâlde en einige dy sesje as 17e, goed fjouwertsiende efter syn teamgenoat dy't syn earste sesje as fjirtjinde ôfsleat. In kreaze earste kennismakking foar de Twellegeaster.
Yn 'e twadde frije training soarget rein foar ferriederlike omstannichheden. Spitigernôch kaam De Vries amper yn aksje. Yn de earste training ried er noch de measte ronden: de wize om in nij sirkwy ûnder kontrôle te krijen.
AlphaTauri meldt tsjinoer Omrop Fryslân dat in technysk probleem de reden is dat de 28-jierrige yn VT2 amper oan riden takomt. De stâl wie net by steat om it probleem op 'e tiid te ferhelpen. Hy einiget de sesje as santjinde. Tsunoda klokt de alfde tiid en is dizze sesje fjouwer tsienden rapper as De Vries.