Quatrebras dei langer ôfsletten: krúspunt oant en mei moandei ticht troch min waar

It wurk by Quatrebras © RTV NOF
It krúspunt by Quatrebras is oant en mei kommende moandei folslein ôfsletten fanwege wurksumheden. Dy soene earst oant en mei snein duorje, mar fanwegen de minne waarsomstannichheden kommend wykein wurdt it asfalt pas moandei lein.
It krúspunt fan de Ryksstrjitwei (N355) mei de Wâldwei en Alde Kommisjewei leit al langere tiid iepen. It asfalt wurdt oanpakt en hielendal opnij oanlein, der komme nije ferkearsregelynstallaasjes en ek wurdt it krúspunt kompakter.

Min waar

Oant no ta koe it ferkear altyd oer ien iepen rydstrook riden bliuwe, mar de dyk moat fanwege de nije asfaltlaach no dochs echt folslein ticht. De planning wie dat dy sluting fan tongersdeitemoarn oant sneintemiddei 2 april duorje soe.
Der wurdt lykwols min waar ferwachte takom wykein, wêrtroch't de nije asfaltlaach pas moandei lein wurde kin. De dyk is dêrom moandei ek noch sletten. De N 355 tusken Noardburgum en Hurdegaryp is dan ek ôfsletten.
De hjoeddeiske omliedingsrûte fia De Sintrale As (N356) bliuwt jilden oant de ein fan de wurksumheden. Fytsers moatte noch hieltyd om fia Noardburgum, Feanwâldsterwâl en Hurdegaryp (Simmerdyk).

Iepenbier ferfier

Yn de perioaden wêrop 't it krúspunt ôfsletten is, ride de bussen op bepaalde mominten in alternative rûte. Aktuele ynformaasje dêroer is te finen op www.arriva.nl/halte.