Learlingen fan Bogerman College yn Snits betinke oplossingen foar akwadukt yn A7

Learlingen sjogge by it A7-akwadukt © Rijkswaterstaat Noord-Nederland
Learlingen fan it Bogerman College yn Snits mochten tongersdei efter de skermen sjen by it A7-akwadukt by Twellingea. Dat wie op útnûging fan de wethâlder om't de klasse oplossingen betocht hie.
Sy reagearren op in oprop dy't de Ljouwerter Krante in pear moannen lyn die, doe't de tunnel ôfsletten wie.
"Voor de leerlingen en ook de docenten is het leuk om achter de schermen te mogen kijken", seit Puck Rozing, dosint fan de earste klasse yn it fak fan 'Technologie en Toepassing'. Op de skoalle yn Snits krije alle earste- en twaddejiers vmbo-learlingen it fak. De learlingen seagen ûnder oare wat foar wurk der yn it reparearjen fan sa'n akwadukt sit.
Rozing: "Er zijn iedere dag veertig mensen achter de schermen bezig met het aquaduct. Er is een hele mooie lijst met zoveel betrokkenen. Ook de techniek erachter is indrukwekkend, het is niet zo simpel als dat het lijkt."

Plan

Yntusken hat Rykswettersteat in plan hoe't sy it akwadukt oanpakke sille, in tal learlingen siet dêr sûnder it te witten, net fier fan ôf. "Sommige leerlingen kwamen met hun ideeën toch aardig in de buurt van de plannen van Rijkswaterstaat." De skoalle siket mear fan dit soart útstapkes yn de buert dy't sy organisearje kinne, jout Rozing oan.
"Het is natuurlijk ontzettend leuk om leerlingen bezig te zien en dat je dan door de wethouder wordt uitgenodigd voor zoiets is de kers op de taart."
Oft der learlingen sa entûsjast wurden binne dat sy letter ek oan dit soarte fan projekten wurkje kinne liket wol sa. "Dat is zeker mogelijk in deze branche."