Tusken superjachten yn Makkum wurdt ek oan cruiser wurke: "Wy hoege hjir net te prestearjen"

Allan Hutchinson wurket oan de cruiser © Omrop Fryslân
Skipsbouwer De Vries yn Makkum is ferneamd fanwege de gigantyske jachten dy't der makke wurde. Mar yn ien fan de wurkpleatsen wurdt al twa jier oan wat oars wurke troch minsken mei in ôfstân tot de arbeidsmerk.
In cruiser fan sa'n 12 meter, út 1953 is fûn yn ferfallen steat yn in skuorre op Marktplaats. It skip wurdt opknapt yn Makkum. "Wy meitsje him wer hielendal nij. It is in stikje erfskip dat wy wer op de golven sette wolle mei help fan minsken mei in efterstân op de arbeidsmerk", leit manager Japke van Groning út.
Allan Hutchinson is sa'n meiwurker. Hy wurke al yn de skipsbou, mar moast troch hertproblemen ophâlde. "Het laatste jaar ging ik wat rondkijken bij verschillende organisaties, dan was de vraag, wat kan je doen? Kapper, werk in de winkel en toen: misschien toch scheepsbouw." Sa bedarre er wer yn syn âlde fak.

Gjin deadlines

Oars as yn de loadsen deromhinne wurdt hjir wurke yn in rêstige omjouwing, sûnder druk, de meiwurkers hawwe gjin deadlines. "Sy komme hjir faak hiel skruten binnen", seit projektlieder Sieger van Kampen. "It is ek in grut bedriuw mar úteinlik wêr't wy sitte is in hiele lytse ôfdieling dêr't oare regels jilde. Wy hoege hjir net te prestearjen, it ûntwikkelje, ynnovearje, leare, dat is belangryk."
De Vries bout dus foar de riken, mar jout hjirtroch ek de minsken dy't mar dreech oan it wurk komme kinne in kâns. Van Groning: " Wy binne in famyljebedriuw en fine it belangryk om ek wat foar de maatskippij werom te dwaan."
Projekt Mira by de Makkumer skipsbouwer