Foar Dina Popma is har nije album 'Medisyn' de pil dy't se sels ynnimt
Foar it earst komt muzikant Dina Popma mei in Frysktalich album. Mei de nûmers fan 'Medisyn' toert se troch de hiele provinsje en stelt se de fraach hoe't wy ús hjoed-de-dei besinne, mei it fuortfallen fan it leauwen.
It Thomastsjerkje yn Ketlik wie it dekôr foar de opname fan 'Medisyn', it nijste album fan sjongster en muzikant Dina Popma. It kreakjen fan de tsjerkebankjes is op inkelde nûmers sels sêft te hearren. Nei thús de foarproduksje fersoarge te hawwen, koe Popma der yn twa dagen de alve nûmers ferivigje. "Ja, dêr moast ik efkes fan bykomme. It wie in yntinsyf trajekt."
Debút in it Frysk
Net earder skreau Popma har nûmers yn it Frysk. Mar no wie it dan dochs tiid. "En it gie makliker as ik tocht. It skriuwen die ik, krekt as yn it Ingelsk, op in leechdrompelige wize, sadat de teksten begryplik bliuwe", seit Popma, dy't fan miening is dat Fryske nûmers faak wat te metafoarysk binne.
"Dan giet it wer oer it lân, of de fûgels... Dat woe ik net. It moast in earlik album wurde. Dêr't men helder op hearre kin hoe't ik de dingen belibje. Dat like my better as hieltyd te fertellen hoe moai Fryslân is. Ik woe mear djipgong."
Kleuren fan klanken
Popma wie earder benaud dat it Frysk te konfrontearjend wêze soe, omdat it sa ticht by har leit. Mar it skriuwproses ferrûn goed. En dat net elkenien de nûmers ferstean kinne sil, is neffens har net slim. Popma fynt dat de 'kleuren fan de klanken' de emoasje ek oerbringe.
Foardat se de earste noat fan it album song, stie de titel al fêst: Medisyn. Popma fertelt dat it wurd referearret oan de wize fan besinning hjoed-de-dei. "Wêr geane we dêrfoar hinne? Hoe pakke we dat oan? Eartiids sochten de minsken de tsjerke op. Dat is no net mear sa."
De fragen resultearre yn dizze alve nûmers. Dy foarmje tegearre myn medisyn. It is de pil dy't ik nim.
Der is elk gefal in middel nedich, seit se. "Wy sitte yn in ratrace, mei in soad druk fan bûtenôf. Dat resultearret yn mear burn-outs en groanysk siken." Popma socht ek by harsels. Wat helpt har as tsjinwicht? "De fragen resultearre yn dizze alve nûmers. Dy foarmje tegearre myn medisyn. It is de pil dy't ik nim."
Fjouwer ynterviews foar boek
Yn it ferlingde fan har album, gie Popma oan de slach mei it skriuwen fan in boek, rjochte op itselde tema. Om út te finen wat de geskikte yngrediïnten binne foar ús medisyn, ynterviewde se in dokter, skriuwer en twa herboristen.
It smiet moaie ferhalen op, seit Popma, dy't dus efkes fuortstapte fan it fertroude muzyk meitsjen. "It fieren fan djipgeande petearen fûn ik net yngewikkeld. Mar dêr in ferhaal fan meitsje wie lestiger. Ik bin fansels gjin boekeskriuwer. Dus dêr ha ik hjir en dêr help by hân."
Fan tsjerke nei tsjerke
Op it stuit is Popma oan it repetearjen foar har toer, dy't se op 1 april ôftrapet yn de Mariatsjerke yn Bears. Yn har camperbuske sil se mannich Frysk tsjerkje oandwaan. Om dêrnei miskien de provinsjegrins oer te gean. "Ik bin hiel benijd nei wat der yn de tsjerken bart mei myn tekst en ferhaal", seit Popma.
"It is yn elts gefal moai dat ik de kennis dy't iksels trochjaan kin. Dêr fiel ik my no ek ferantwurdlik foar. En ik sil it grif net preekje. Mar ik fertel it graach."
It album 'Medisyn' komt 28 maaie offisjeel út, mar is yn de toer eksklusyf te krijen.