Brânwachtman Remco de Haan brocht kat wer by de tiid: "Hij begon weer te miauwen"

Brânwachtman Remco de Haan mei de kat © CAMJO Media
"De kat bewoog nog heel licht toen we hem vonden. Toen hebben we hem maar mee naar buiten genomen." Dat seit brânwachtman Remco de Haan fan de brânwacht fan Menaam, dy't him by in wenningbrân yn it doarp ûntferme oer in kat dy't yn it hûs achterbleaun wie.
De Haan wie tongersdeitemoarn, mei syn kollega's, oproppen foar in brân oan De Boech yn it doarp. De wenning stie fol reek doe't de brânwacht oankaam. "Die brand in de meterkast hebben we geblust. Daarna kwamen we bij de naverkenning de kat tegen in de badkamer."
Brânwachtman Remco de Haan © Eigen foto
Op dat momint siet der neffens De Haan net folle libben mear yn it bistje. Mei in kollega brocht hy de kat nei bûten. "Mijn collega is hem toen tegen de klok in gaan strelen in de hoop dat er vers zuurstof werd aangevoerd. Zelf heb ik de zuurstoftas gepakt en aangesloten om de kat frisse lucht toe te dienen."

'Pootjes begonnen te bewegen'

De soerstof hie pas nei in lyts heal oere effekt. "Eerst begonnen de pootjes te bewegen, daarna hoorden we hem miauwen", fertelt de brânwachtman. "En gelukkig ging hij daarna wat meer bewegen en ging hij zelfs rechtop zitten en om zich heen kijken."
Brânwachtman Remco de Haan dwaande mei syn rêdingswurk
De baaskes wiene tige bliid mei de rêdingsaksje fan Remco en syn kollega. "Ze vonden het supertof dat wij ons er zo druk om maakten. Maar het lijkt me niet meer dan logisch dat je zo'n beestje eruit haalt. Het is voor die mensen ook gewoon een gezinslid."

'Mooi gedaan'

Neffens De Haan giet it om in kat fan trettjin jier âld. De namme hat hy yn alle hektyk net meikrigen. "Terug op de kazerne kreeg ik al allemaal berichtjes. Of ik dat was op foto's van het incident. Dan denk je goh, dat hebben we toch maar even mooi gedaan."