Plysje docht op 'e nij klúskekontrôle by ROC Friese Poort yn Drachten

Ferline jier wie der ek al in kontrôle yn Drachten © ANP
ROC Friese Poort yn Drachten docht yn 'e maitiid op 'e nij in klúskekontrôle mei de plysje en giet fierder mei it previnsjeprojekt 'Helder!'. Alles is rjochte op it beheinen fan it gebrûk fan alkohol, drugs en wapens.
Studinten hawwe fan direkteur Dick ter Wee berjocht krigen oer de aksje. "Wij merken dat het gebruik van middelen en het bezit van wapens ook in onze school toeneemt", sa skriuwt de direkteur.

Helder!

Ferline jier hat de plysje ek al op besite west yn Drachten om mei konsjerzjes de klúskes te iepenjen. Dit jier bart dat op 'e nij foar it previnsjeprojekt. Dêrmei moat it gebrûk fan middels ûnder jongelju beheind wurde. De skoalle wol de feiligens fergrutsje mei ferskate aktiviteiten dy't op previnsje rjochte binne.
ROC Friese Poort Drachten © Omrop Fryslân, Darshan Boerema
De skoalle hat ûnder oare teäterfoarstellingen oer it gebrûk fan middels en groepsdruk organisearre, mar helle ek in firtuele auto en fyts nei de skoalle ta om te ûnderfinen hoe dreech it is om te riden mei bygelyks xtc op.
Yn it statút fan de skoalle is opnaam dat it brûken fan middels of it besit fan wapens net tastien is, mar lanlik docht wol bliken dat de jongerein nei de coronatiid mear drinkt en faker gniisgas en kannabis brûkt.
Binnen dat ramt fynt ek wer de plysjekontrôle plak. As der wat fûn wurdt, skriuwt de skoalle in warskôgingsbrief en wurdt in petear organisearre mei de studint, de opliedingsmanager en skoalmaatskiplik wurk.