Ferkenner leit freed einrapport foar: ynset op 4 partijen en akkoart op haadlinen

De ferkenning om ta in nij kolleezje fan Deputearre Steaten te kommen giet mei faasje. De bedoeling is dat de befiningen freed mei Provinsjale Steaten dield wurde, seit Abel Kooistra fan BBB.
Fraksjefoarsitter Kooistra hat tiisdei mei Chris Stoffer om tafel sitten, dy't oansteld is as ferkenner. Ferline wike wie der in earste petearronde tusken Stoffer en alle partijen. Moandei makke hy bekend dat der fierder praat wurdt mei seis partijen: neist de BBB de PvdA, CDA, FNP, VVD en ChistenUnie.
Dat betsjut dat GrienLinks, D66, JA21, Forum voor Democratie, Partij voor de Dieren, SP en Provinciaal Belang Fryslân yn elts gefal yn de opposysje komme.
Fierder mei fjouwer
Uteinlik moatte der fjouwer partijen oerbliuwe, sa is de bedoeling. Stoffer jout dit as ferkenner ek mei as 'zwaarwegend advies.'
"Dan kinne je de rekkensom meitsje dat der noch twa ôffalle", seit Kooistra, dy't dêrmei in romme mearderheid wol. "Dat docht rjocht oan de útslach, fine wy. Wy wolle graach in stabyl bestjoer mei wat marzje yn de Steaten."
Alle seis partijen yn de koälysje, neamt Kooistra 'net reëel.' Hy seit: "Wy wolle in koälysje-akkoart op haadlinen, dat wurdt mei seis partijen wol hiel dreech. Wy wolle graach it dualisme ta syn rjocht komme litte, dat kin mei fjouwer partijen moai."

Neist ynhâldlike oerienkomsten is it noflik gearwurkje kinnen ek in wichtige faktor. "It giet ek gewoan om betrouwen, je moatte mei-inoar troch ien doar kinne."
Freed in einrapport
Stoffer hat tiisdei syn befiningen fan de twadde petearronde mei Kooistra dield. "Wy binne ta in konklúzje kaam, dy't ferwurke wurdt yn in einrapport dat wy freed yn de rin fan de dei nei Provinsjale Steaten stjoere."

Kooistra is tefreden dat it sa rap giet. "Wy wolle graach dúdlikens skeppe en wolle freed sjen litte watfoar kant wy tinke dat dit it bêste út kin", seit hy.
"It is wol wichtich dat je it soarchfâldich hâlde, mar in bytsje faasje yn it proses wurdt ek wurdearre. Dan wit eltse partij ek wêr't er oan ta is de kommende fjouwer jier."
Tagelyk wol er Provinsjale Steaten der ek by belûke. "Dat fine wy hiel wichtich: it moat in iepen en transparant proses wêze", leit Kooistra út. "Wy komme ta de ein fan dit proses, dan fine wy it ek netsjes as partijen dêr noch wat fan fine kinne."
Akkoart net tichttimmerje
Nei it advys is it yn prinsipe de bedoeling dat der in formateur oansteld wurdt. "Mar ik haw it rapport ek noch net lêzen, it wurdt noch skreaun. Dus wy moatte earst sjen wat Stoffer fynt, dan witte wy freed mear oer watfoar rûte wy nimme."
Dêrnei is it oan BBB om te bepalen wa't de formateur wurdt. Dat soe Stoffer wurde kinne, mar dy beslissing leit by BBB.
Ferkenner Chris Stoffer is freed te gast yn It Polytburo, it politike programma by Omrop Fryslân fan Eric Ennema en Andries Bakker. It Polytburo is fan 17.15 oere ôf op telefyzje te sjen.
Kooistra soe it moai fine as der foar de simmer in akkoart op papier stiet. Dat moat dus in akkoart op haadlinen wêze.
"Wy fernamen dat de koälysje-akkoarten fan de ôfrûne jierren mei resultaten op de puntkomma tichttimmere wiene. Partijen moasten inoar op bepaalde punten beethâlde, wylst sy dêr eins net hielendal efter stiene. Dat wolle wy graach foarkomme."
Deputearren
Femke Wiersma fan Holwert stiet yn elts gefal op de list as kandidaat-deputearre. Dêr sil fan BBB noch in kandidaat njonken komme, befêstiget Stoffers.
Mar oare nammen wol BBB noch net neame. "Wy skriuwe earst oan it akkoart, pas yn de lêste faze komme de nammen en rêchnûmers yn byld. Dus wy hâlde dat noch efkes foar ússels." Dêr sil ek de ferdieling fan portefúljes krúsjaal by wêze.