Faksinproef fûgelgryp stiet faai: LTO wol dat minister garant stiet foar eventuele skea

Oktober ferline jier: 80.000 piken wurde romme yn Blije om fûgelgryp © ANP
It is ûnwis oft de proef mei faksins tsjin fûgelgryp wol trochgean kin. Boere-organisaasje LTO wol dat boeren in fergoeding krije as de aaien fan faksinearre piken minder goed ferkocht wurde, minister Adema wol dat net.
Dat meldt it tv-programma Zembla nei petearen mei beide partijen. Plomfeehâlders soenen benaud wêze dat konsuminten aaien fan faksinearre piken net keapje wolle. De oerheid soe neffens LTO dêrom garant stean moatte foar eventuele ekonomyske skea.
"We wolle dat de oerheid seit dat dy aaien gewoan de hannel yngeane", fertelt LTO-bestjoerslid Piet Faber. "Mar as se dan net ferkocht wurde, dan moat de boer dêr net foar opdraaie."
Je kinne net tsjin de boer sizze: besykje it mar en los in eventueel probleem sels mar op.
Piet Faber (LTO-fakgroep plomfeehâlderij) oer syn beswier tsjin de faksinproef
Lânbouminister Piet Adema seit yn Zembla lykwols dat de oerheid net mei in garânsjeregeling komt. As dat sa is, dan is der gjin inkelde plomfeehâlder dy't yn de proef stappe wol, neffens LTO.
Der moat dus in fangnet komme, seit Faber. "As je in proef dogge, dan moatte je dêrfoar stean. Dit giet om in soad jild. Mar je kinne net tsjin de boer sizze: besykje it mar en los in eventueel probleem sels mar op."
Piet Faber © LTO Nederland
Salang't der gjin fergoeding klearstiet, komt der gjin proef, ferwachtet er. "Sa stiet it der op dit stuit wol foar. Want it belang fan in goed faksin is grut, mar de boer kin net foar it kollektyf opdraaie."
Sûnt 2020 binne der yn Fryslân mear as in miljoen bisten ôfmakke fanwegen de fûgelgrypútbraak. In faksin soe foarkomme moatte dat de bisten siik wurde en elkoar besmette. Sawol it kabinet as de plomfeehâlders ferwachtsje dêr in soad fan.
Undersikers fan de universiteit fan Wageningen makken koartlyn bekend dat der, nei moannen oan testen, twa faksins binne dy't sawol tsjin de sykte beskermje as tsjin de fersprieding fan it firus.
Klik hjir om ûndersteande kaart yn in nij finster te iepenjen.