Ljouwerter ING-klanteservice leit it wurk del: meiwurkers wolle in bettere cao

De staking by ING yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Lars de Leeuw
Wurknimmers fan ING yn Ljouwert lizze tongersdei it wurk del foar in better cao-oanbod. It geduld mei de ING-direksje is op. It is benammen de klanteservice by de bank dy't der tongersdei fan te lijen hat.
It giet om wurknimmers yn it noardeasten fan Nederlân dy't stake. Neffens ferskate fakbûnen wurdt it de earste staking fan 24 oeren lang oait by ING, it komt sowieso net faak foar dat der staakt wurdt yn de bankesektor.
Ljouwerter bankmeiwurkers wolle in bettere cao
It bestjoer fan ING presintearre ferline wike in nij cao-foarstel, mar de fakbûnen hawwe dy ôfwiisd. Dy cao moat foar sa'n 14.000 meiwurkers jilde.

Aksjegearkomste yn Ljouwert

Tongersdeitemoarn is der in aksjegearkomste yn Ljouwert. Mooglik binne de kantoaren op It Hearrenfean en yn Assen, Zwolle, Grins en Emmen ticht.
"We willen collectieve loonsverhoging, aangezien de inflatie erg hoog was in het afgelopen jaar', leit Duygu Akçay út, bestjoerder fan FNV Finance. "Deze mensen hebben al twee jaar op de nullijn gestaan."
ING op It Hearrenfean © Google Street View
De bank kin dat prima betelje, seit Akçay. "Ze maken miljarden winst. Maar het is niet het niet kúnnen betalen, maar het niet wíllen betalen. Dat is waar mensen heel erg boos om zijn." Yn septimber is offisjeel begûn mei de cao-ûnderhannelingen.

Lean, wurkdruk, arbeidsrelaasjes

Mar it giet ek om in hege wurkdruk dêr't de meiwurkers aksje tsjin fiere. "Dat komt vaak door onderbezetting. Men moet steeds nieuwe collega's inwerken, die rouleren. Er is door alle drukte bijna geen connectie tussen het bestuur en de onderkant bij ING. Dat is een derde punt, verstoorde arbeidsrelaties."

Klanteservice: tongersdei efkes net

Yn Ljouwert sit it klantkontaktsintrum, dêr't meiwukers de kompjûter tongersdei dus net opstarte. "Dus het zijn waarschijnlijk de mensen die naar ING bellen omdat bijvoorbeeld hun pasje niet werkt die vandaag lang in de wachtrij kunnen staan."
Fakbûnen by de stakingsgearkomste © Omrop Fryslân, Lars de Leeuw
Soks dogge bankmeiwurkers net samar, seit Akçay. "Het is een groot dilemma voor de medewerkers. Dan merk je ook hoe loyaal deze mensen zijn. Ze hebben eerst andere middelen ingezet om het niet zover te laten komen."
It Ljouwerter ING-gebou © ANP
Der is earder al fan alles besocht: "Ze hebben een bidbook overhandigd met 1.300 persoonlijke verhalen, ze hebben een petitie aangeboden met 6.766 handtekeningen, ze hebben ludieke acties gehouden, er is een brief gestuurd naar de raad van commissarissen. Als al die stappen niet werken, zit er niets anders meer op."
Op 11 en 24 april moat de aksje in ferfolch krije, as der ek in oandielhâldersgearkomste is.