Eltse jûn dialyze troch in hoefizernier: “Wachtsje op in ferlossend telefoantsje”
Sjoerd van der Zee fan Dokkum is berne mei in 'hoefizernier.' Troch dizze oanberne ôfwiking oan de nieren moat er no alle nachten oan de dialyze, yn ôfwachtsjen fan in nije nier.
In jier as fyftjin lyn ûntduts hy pas dat de nieren oan inoar fêstgroeid binne en se net op it goede plak lizze. It gefolch is dat er dus mar ien nier hat, dy't it net goed docht. Hoe faak hoefizernieren foarkomme is net krekt bekend, om't in soad minsken gjin klachten krije. Mar Sjoerd dus wol.
Sjoerd syn nierfunksje is yn de rin fan de jierren fermindere. Yn oktober wie de nierfunksje ôfnaam nei noch mar fiif persint, dêrom moast er úteinsette mei dialyze.
Alle jûnen oan it apparaat
"Ik haw derfoar keazen om dat thús te dwaan. Dus ik moat mysels alle jûnen oanslute op it apparaat, en dêr moat ik acht oeren oan bliuwe", fertelt hy.
It hat in grutte ympakt op it libben fan him, syn frou en twa dochters. Hy kin net samar fuort, it apparaat moat altyd mei. Uteinlik hat er in nije nier nedich, mar de wachtlist duorret wol trije oant fjouwer jier. "Ik sit te wachtsjen op in ferlossend telefoantsje", sa seit er.
Hy hopet dat minsken har nier donearje wolle, sa't er wer mear enerzjy hat en normaal funksjonearje kin. "Dat soe hiel moai wêze."