'Alice, Monique en de rest' liket no al de namme foar it Wetterskipsbestjoer

It nije deistich bestjoer fan Wetterskip Fryslân hat stilwei al de namme 'Alice, Monique en de rest' krigen. It stribjen fan de grutste en twadde partij is dan ek in koälysje mei in breed draachflak.
Mei-inoar de grutte útdagingen fan Wetterskip Fryslân oangean mei in breed draachflak. Dat is winsk fan de leden fan it woansdei ynstallearre nije Algemien Bestjoer.
Yn dat bestjoer is nijkommer BoerBurgerBeweging mei sân sitten fierwei de grutste partij. Fraksjefoarsitter Alice van Gosliga-Faber hat nocht oan de kommende perioade. Ek sy seit te stribjen nei in deistich bestjoer mei in breed draachflak.
Alice van Gosliga fan de BBB
"Wy wolle net útkomme op in mearderheid fan 13 om 12, sa as de ôfrûne perioade", seit Van Gosliga. "De funksjes lânbou, natuer, wenjen en wurkjen hawwe inoar nedich. Wy sille mei-inoar mei oplossingen komme moatte."

De BBB hat Klaas van Weperen oansteld as ferkenner. Dy is drok dwaande om mei alle partijen yn petear te gean.
Griene partij Water Natuurlijk wie de twadde winner by de wetterskipsferkiezingen. Dy partij wûn in sit en is no mei fjouwer sitten de op ien nei grutste.
Listlûker Monique Plantinga tinkt dêrom dat WaterNatuurlijk in goeie kâns hat om - yn tsjinstelling ta de ôfrûne perioade - no wol meidwaan te kinnen oan it nije deistich bestjoer. Dy kâns liket sels sa grut, dat it nije bestjoer by it Wetterskip no al 'Alice, Monique en de rest' neamd wurdt.
'Alle partijen nedich'
Monique Plantinga sjocht wol wat yn dy gearwurking. "Wij zien op de inhoud veel overeenkomsten. Er zijn grote vraagstukken op het gebied van water zoals verdroging, verzilting en waterkwaliteit. Het is een gemeenschappelijk belang van landbouw, natuur en burgers om daar goede oplossingen voor te vinden. In gebiedsprocessen heb je daar alle partijen bij nodig. Ik vind het daarom volstrekt logisch om die partijen ook terug te laten komen in ons bestuur."
De ôfrûne jierren wie it deistich bestjoer neffens Plantinga 'niet in balans', fanwege de minimale 13-12 mearderheid en de ôfwêzigens fan griene en progressive partijen.
Monique Plantinga fan Water Natuurlijk
"Onze voorkeur gaat uit naar een bestuur met een brede afspiegeling, die de belangen van landbouw, burgers en natuur bij elkaar brengt." Plantinga tinkt ek dat in bestjoer mei sa'n breed draachflak mear berikke kin.
Oft sa'n breder bestjoer der ek komt hinget ûnder oare ôf fan it advys fan ferkenner Klaas van Weperen. Syn advys wurdt yn de rin fan nije wike ferwachte.