Bewenners azc Snits krije frijwilligerssertifikaat: "It begjin fan in takomst yn Nederlân"

Wethâlder Marianne Poelman oerlanget in sertifikaat oan in dielnimmer fan it projekt © Omrop Fryslân, Sander van den Bogert
Ferskate bewenners fan it azc yn Snits ha in sertifikaat krigen foar har frijwilligerswurk. In lytse 300 bewenners fan it asylsikerssintrum binne it ôfrûne jier oan de slach gien as frijwilliger en 16 hawwe no in betelle wurkplak.
Woansdei hawwe 30 bewenners in sertifikaat krigen van #Meedoen. Dit projekt hat as doel om bewenners fan it azc mei in status of wachtsjend op in beslút fan de IND sa gau mooglik meidwaan te litten yn de maatskippij. Dat kin ûnder oare troch frijwilligerswurk en betelle banen. It bedriuwslibben en tal fan organisaasjes hawwe ferlet fan dizze arbeidskrêften.

Net bekend

"Dit is it begjin fan in nije takomst yn Nederlân", seit Redmer Koopmans, koördinator fan it #Meedoen-inisjatyf. Hy is grutsk op de minsken dy't hy helpe kin.
Sertifikaten foar bewenners fan it azc Snits
Koopmans sjocht ek dat der terrein te winnen falt. "In protte bedriuwen wolle wol meidwaan, mar net by elkenien is it bekend dat ynwenners fan it azc betelle wurk dwaan meie en ree binne om dit te dwaan."
It wurk dat bewenners en statushâlders dogge wurdt notearre yn harren dossier. "Se wolle graach oan it wurk, en de statushâlders kinne ek best maklik oan it wurk", seit Koopmans. "Minsken kinne harren eigen ferantwurdlikens nimme. Dan binne wurknimmers en wurkjouwers tefreden."

Ferlet

Mei de krapte op de arbeidsmerk komt de help fan dizze minsken goed út. "Der is in protte fraach fan beide kanten. Sawol fan it azc as fan de wurkjouwers", seit Koopmans.
Ien fan de belutsen bedriuwen is Arriva. Ut namme fan it ferfiersbedriuw wie Mohammad Khdeer oanwêzich. Hy is regiokoördinator fan serviceteam Noord by it bedriuw. Sels flechte er acht jier ferlyn út Syrië fanwegen de hearskjende boargeroarloch.
Khdeer: "Wij hebben werkervaring plekken voor mensen die op afstand staan van de arbeidsmarkt. Dat zijn de azc-bewoners. Zij mogen binnen Arriva stagelopen. Daardoor verbeteren zij hun Nederlandse taal en kunnen ze kennismaken met de Nederlandse cultuur en arbeidsmarkt."
Dizze sertifikaten krigen de bewenners fan it azc Snits © Omrop Fryslân, Sander van den Bogert
As âld-flechtling ken Khdeer him werom yn de problemen dêr't de hjoeddeistige azc'ers tsjinoan rinne. "Ik kreeg onvoldoende informatie over waar ik heen kon en wat ik moest doen. Ik kom uit een derdewereldland. Daar gelden andere regels, dus dat wist ik niet. Het was voor mij hier een cultuurshock. Ik moest weer uitvinden hoe ik een carrière kon opbouwen", fertelt er.
"Nederlanders moeten niet vergeten dat deze mensen heel veel meegemaakt hebben. Zij hebben heel veel achtergelaten. Ze willen hier graag een veilige omgeving creëren."

Kânsen

Ien fan de flechtlingen dy't holpen wurde koe, is Allan James. Hy flechte út Uganda en koe al fluch oan it wurk. Doe't er by it azc yn Snits kaam, krige er direkt de kâns om Ingelsk te learen oan de Rijksuniversiteit Groningen, fertelt er. Dêrneist wurket er by ONS Snits, dêr't er in soad leart.
Vice-foarsitter Klaas Uil fan ONS Snits wie sels ek by dizze feestlike útrikking fan de sertifikaten. "Dit is fantastisch. Zeker in de huidige tijd waarin je steeds minder vrijwilligers hebt. Deze mensen heb je echt nodig. Het is prachtig dat wij betrokken mogen zijn bij dit maatschappelijke doel."
By ONS Snits binne fjouwer minsken út it azc wurksum. "Ze doen veel klusjes of staan achter de bar. Dan kunnen ze met mensen praten die op onze voetbalvereniging komen. Mensen verlaten huis en haard, en dat je je dan in wil zetten voor een club. Dat mensen dat doen, daar moeten we diep respect voor hebben", seit Uil.