Hingbúkswinen dumpt yn Drents-Friese Wold: "Hoe kun je ze dat aandoen?"

Hingbúkswyn © RTV Drenthe
Yn it Drents-Friese Wold binne twa grutte hingbúkswinen dumpt. Dat meldt RTV Drenthe. De bisten lizze op de heide, yn in selsmakke bedsje fan strie.
Se hawwe gjin fretten yn it natuergebiet. Boskwachter Sanne van Gemerden fan Natuurmonumenten tinkt dat de bargen dumpt binne. Dat is nei alle gedachten ôfrûne wykein gebeurd.
Hingbúkswinen dumpt yn Drents-Friese Wold: "Hoe kun je ze dat aandoen?"
Van Gemerden kin der mei de kop net by. "De dieren zijn achtergelaten op de heide. Het is maart, daar is voor die dieren niets te eten. Hoe kun je ze dat aandoen?"
It slagget oant no ta net om de bisten te fangen. Mei tolve minsken is juster besocht om de bisten yn in feekarre te krijen, mar oant no ta sûnder sukses.