HEA! Skieppewolkeunst

HEA! Skieppewolkeunst
Konsintrearre priket Janny Roubos mei in grutte nulle in pluk blauwe wol yn in lape filt. Janny makket keunst fan skieppewol, fan poppen oant hiele wandkleden dy't in ferhaal fertelle.
De technyk hyt nullefilten, mar Janny neamt it sels prykje mei wol. Alles wat se makket is kleurryk en fleurich, krekt as harsels. Janny hat altyd kreatyf west. Earder makke se popkes fan klaai, mar har autistyske pleechsoan makke dy wolris kapot. Doe hat se sjoen nei materiaal dat net sa gau stikken giet en dat wie wol. Se fynt it hearlik om sa dwaande te wêzen.