Johanna Brinkman op 'kwetsberste lân fan de wrâld': "Alles is stikken en omwaaid"

Foar de eilannegroep Fanûatû yn de Stille Oseaan is it hjoed in belangrike dei. De sitewaasje yn de republyk dy't eastlik fan Australië leit, is nei twa sykloanen noch hieltyd soarchlik. Huzen binne beskeadige en ek de skea oan de natuer is flink.
Fanûatû hat sa'n 320.000 ynwenners, ferdield oer 83 eilannen. Begjin maart hienen se te krijen mei twa tropyske sykloanen. En de skea dy't in sykloan yn 2015 oanrjochte, is noch altyd net makke.
Fanûatû hat in resolúsje opsteld wêrmei't se it Ynternasjonaal Gerjochtshôf advys freegje wolle oer ferantwurdlikheden as it giet oer it heljen fan klimaatdoelen. Ek Nederlân hat him oansletten by dit inisjatyf, krekt as goed hûndert oare lannen.
De sykloan Harold boppe Fanûatû © ANP
Omropferslachjouwer Johanna Brinkman is op it eilân Efate, ûnderdiel fan de eilannegroep. Se wie alris earder op it eilân. "Ik rekke tsien jier lyn fassinearre troch it lân: ik studearre kulturele antropology en woe ûndersyk dwaan nei in totaal oare kultuer."
"Doe wie it ek al it kwetsberste lân yn de wrâld as it giet om natuerrampen. Ik wie benijd hoe't dy minsken dêr libje." Se wie der trije moanne, nei't se earst opsykje moast wêr't it lei.
Johanna Brinkman © Omrop Fryslân
Yn 2015 wie se der wer, dat wie doe nei in swiere sykloan. "No hie ik it idee om tsien jier nei de earste kear wer hinne te gean om mei de minsken te praten dy't ik doe ek moete ha."
Se wist net dat krekt yn dizze tiid twa sykloanen oer it lân raze soenen. Pas nei't se tsien dagen fêstsiet yn Australië koe se trochreizgje.
Der groeit hast neat mear, dus ek gjin bananebeammen en kokospalmen.
Johanna Brinkman oer de skea nei de lêste sykloan
Wat trof se oan? "Ferlykber mei de sitewaasje yn 2015. Oeral binne de huzen stikken, de huzen binne houten konstruksjes mei golfplaten. By in sykloan skûlje de minsken yn de tsjerke, dy is fan stien."
Minsken wolle de huzen opbouwe, fertelt se, mar ha der net it jild en de middels foar. "Mar de natuer is der slimmer oan ta. Alles is stikken en omwaaid. Der groeit hast neat mear, dus ek gjin bananebeammen en kokospalmen. It kostet in pear jier foardat dy der wer steane en dus is der gjin iten."
De needtastân is foar in healjier útroppen en se krije iten fan helporganisaasjes.
It eilân Efate yn rêstigere tiden © Shutterstock.com (Martin Valigursky)
Neffens de World Risk Index fan de Feriene Naasjes is it lân it kwetsberst foar klimaatferoaring en natuerrampen. Troch de hegere seespegel spielt hieltyd mear lân fuort en fanwegen klimaatferoaring komme dit soarte fan ferwoastende orkanen faker foar. It lân fielt dêrom de morele needsaak om derfoar te soargjen dat der ambisjeuzere maatregels naam wurde tsjin klimaatferoaring.
It ferbân tusken de klimaatferoaring en de sykloanen is dúdlik. "Yn de lêste sân jier ha se fiif swiere sykloanen meimakke. Der binne dus mear en se binne ek yntinser."

Resolúsje

"Yn de resolúsje oan de Feriene Naasjes stelt Fanûatû dat de klimaatferoaring de rjochten fan de minsken oantaast yn kwetsbere gebieten. Se wolle dat dizze minskerjochten fêstlein wurde en dat der ferplichtingen nei oare lannen komme as it giet om it beheljen fan klimaatdoelen."
It hôf wurdt frege mei in juridysk advys te kommen, seit Brinkman. "No is it sa dat lannen de klimaatdoelen wol ôfprate, mar der sitte gjin konsekwinsjes oan. Dat is yn dizze tiid net mear genôch."
Oft it op 'e tiid komt? "No al binne minsken dwaande om te ferhúzjen as se te tichtby it wetter sitte. Of se tinke deroer om te flechtsjen. Dat wolle se net, mar miskien is it aanst net mear helber."
Yn de algemiene gearkomste fan de Feriene Naasjes wurdt hjoed stimd oer dy resolúsje. As it oannaam wurdt, dan sil it hôf yn Den Haag in rjochtlike proseduere starte.
Johanna Brinkman op Fanûatû: "Yn de lêste sân jier ha se fiif swiere sykloanen meimakke"