Fryske Steateleden ynstallearre: "Harkje nei-inoar en meitsje ferbining"

De ynstallaasje fan de nije Steateleden © Hoge Noorden / Jacob van Essen
Woansdei binne de 43 Steateleden ynstallearre. Troch de grutte winst fan de BoerBurgerBeweging by de Provinsjale Steateferkiezingen sitte der in hiel soad nije gesichten by.
Kommissaris fan de Kening Arno Brok hopet op kontinuïteit yn de Steaten en op ferbining mei de mienskip. Hy beneamt ek it "grien fan de BoerBurgerBeweging" dat foar it earst yn de Steaten fertsjintwurdige is. De nije Steateleden mochten de eed yn it Frysk en it Nederlânsk ôflizze.
De Steateleden wurde ynstallearre:
De 43 Fryske Steateleden wurde ynstallearre
"Jimme hawwe allegearre in mandaat krigen fan de kiezen en it is oan jimme it betrouwen wier te meitsjen", seit Brok. "Hoefolle sitten oftst ek hast: harkje nei-inoar en meitsje de ferbining mei de ynwenners fan ús provinsje."

Underfining

Brok fynt it spitich dat der net in soad minsken binne dy't al in skoft yn de Steaten sitte. Sa giet neffens him ûnderfining ferlern. "Der binne noch trije leden dy't der langer as tsien jier sitte. Dêrmei sprek ik de hoop út dat jimme der allegearre noch lang sitte sille. Al hat de kiezer it lêste wurd."
De 43 Steateleden © Omrop Fryslân, Onno Falkena
De kommissaris stie ek stil by de grutte oerwinning fan de BBB. "It is unyk yn de politike skiednis fan ús lân dat in partij mei ien sit yn de Twadde Keamer de grutste wurdt yn alle provinsjes."
Hy priizge it feit dat it opkomstsifer yn Fryslân mei 65,5 prosint it heechste wie fan alle provinsjes. "Dat lit sjen dat minsken hert hawwe foar ús provinsje."

Ferkenner

In dei nei de ferkiezingen waard Chris Stoffer (SGP) oandroegen as ferkenner foar in nije koälysje. Ut de petearen mei alle partijen binne njonken de BBB fiif oare partijen oerbleaun.
It ferslach fan de ferkenner giet freed nei alle partijen. Nije wike woansdei is der in ekstra gearkomste fan Provinsjale Steaten oer it ferslach fan Stoffer en de formaasje.