Keatsfroulju pakke WK-brûns op ynternasjonaal spul, manlju krekt njonken poadium

De Fryske froulju ha op it WK keatsen yn Alzira (Spanje) in brûnzen medalje pakt yn it ynternasjonaal spul. De manlju griepen krekt njonken in medalje, sy waarden fjirde.
De froulju wienen tiisdei goed begûn oan de pûlfaze, mei in 6-0-oerwinning op België en 6-1 tsjin Italië. Dêrnei wienen it favorite Valencia en Baskelân wol te sterk, wêrtroch't Nederlân him pleatste foar de treastfinale.
Yn dy treastfinale wie Italië hjoed wer de tsjinstanner. Op basis fan de útslach yn de pûl wie Nederlân de grutte favoryt en dat kaam ek sa út: it waard op 'e nij 6-1.
De manlju oerlibben tiisdei de pûlfaze mei oertsjûging: 6-0 tsjin Frankryk en Ekwador. Yn de krúsfinale wie hjoed lykwols thúsfavoryt Valencia mei 6-2 te sterk. Dêrnei wûn België yn de treastfinale mei 6-4.
De seleksjes fan Nederlân op it WK keatsen besteane folslein út Friezen.
Manlju: Hendrik Kootstra, Renze Hiemstra, Tjisse Steenstra, Kees van der Schoot, Menno van Zwieten, Marten Bergsma, Pieter Jan Leijenaar, Steven Koster, Jurrit Osinga
Froulju: Harmke Siegersma, Marrit Zeinstra, Corrie Kroondijk, Hiske Zeinstra, Fiera de Vries
It WK bestiet út fjouwer ferskate ûnderdielen. It ynternasjonaal spul wurdt spile op in fjild (asfalt) fan 70 by 20 meter by manlju, of fan 50 by 14 by froulju. In manljusteam bestiet út fiif spilers, froulju spylje mei fjouwer yn in team. It spul - en ek de skoaretelling - liket wol op tennis, mar dan dus sûnder racket.
De kommende dagen steane noch de farianten llargues en one wall op it programma.