Twa ponnys dea by brân yn in skuorre by agrarysk bedriuw yn Jutryp

By in grutte brân yn in skuorre oan de Louwewei yn Jutryp binne twa ponnys omkaam. De brânwacht waard woansdei om 15.20 oere oproppen foar in brân by in agrarysk bedriuw. De brân is yntusken ûnder kontrôle.
De brân yn de skuorre by it bedriuw wie útslaand. De skuorre is folslein ferlern gongen. "Er stonden vooral machines in. En, in tegenstelling tot eerdere bericht, twee pony's. Die zijn bij de brand helaas omgekomen", seit Marko Kinderman, wurdfierder fan Brânwacht Fryslân.
De brân wie earst noch gefaarlik foar in neistlizzende kowestâl. "Door een snelle inzet van eenheden hebben we overslag naar de schuur met de koeien weten te voorkomen", seit Kinderman. "De koeien zijn bij het uitbreken van de brand uit de stal gehaald en het land ingedreven."
It sein 'brand meester' is jûn. De brânwacht tinkt noch in skoft dwaande te wêzen mei neiblussen.
Brânwachtwurdfierder Marko Kinderman oer de brân yn Jutryp