Minne Dolstra optein oer tasizzing jild foar Thialf: "In wichtige en goede stap"

Thialf © ANP
It Ryk jout Thialf 2,44 miljoen euro ekstra om de enerzjyrekken betelje te kinnen. Earder wie al in miljoen tasein. Ynterim-direkteur Minne Dolstra is optein.
Dolstra is wiis dat no úteinset wurde kin mei de oanlis fan de enerzjyopslach. "It is in goed gefoel. In wichtige en goede stap."
De miljoen euro dy't it Ryk earder tasei wie net genôch foar Thialf. Dat it Ryk no wol oerstaach giet is it resultaat fan goed kontakt mei it ministearje en oare belutsen partijen. "It probleem fan Thialf wie wat breder. Dat betsjut in soad petearen", seit Dolstra. "Ik tink dat it goed útpakt is wat we allegear dien ha."

Enerzjyrekken

"Mooglikerwiis komt der in oplossing foar de enerzjyrekken wêryn't Thialf de enerzjy opslaan kin en goedkeaper opwekke kin", seit Friso Douwstra. "En miskien enerzjy sels ferkeapje kin. Uteinlik wurdt de rekken foar Thialf der better fan."
Neffens de deputearre is de stabile takomst fan Thialf goed foar Fryslân. "As provinsje wie ús bydrage dúdlik en wie it Ryk oan set. Der ha in soad petearen west mei it Ryk west en ik bin bliid dat se oer de brêge en dat se har ferantwurdlikheid nimme."
Wethâlder Hedwig Rinkes fan Hearrenfean is ek te sprekken oer de stipe. "Wy hawwe grutte soargen hân: komt it wol goed mei Thialf? Dat sinjaal hawwe wy op alle wizen ôfjaan wollen. Dat it Ryk der no substansjeel ynstappe wol, jout ús echt perspektyf."
Friso Douwstra (CDA) © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
Mei de ynstallaasje fan 'battery packs' kin enerzjy opslein wurde fan de fiiftûzen sinnepanielen op it dak. "Dat skeelt ferskate tonnen op de rekken en dat is krekt de romte dy't Thialf nedich hat. En as se dat jild oerhâlde, kin de bedriuwsfiering neutraal draaie en kin der miskien ek wat jild oerbliuwe om oer in pear jier te ferfangen en hoege se net altyd by oandielhâlders oan te klopjen."

Batterijen

Mei it tasizzen fan it jild kinne neffens Dolstra frij rap batterijen delset wurde. Dy komme bûten it stadion. "Der is genôch romte om it terrein hinne. It hat de grutte fan in grut trafostasjon. It soe moai weze at we it foar de simmer klear krije kinne."
Ynterim-direkteur Minne Dolstra fan Thialf © Martin de Jong Fotografie
Earder wie it ûntinkber, mar sels oer simmeriis kin wer neitocht wurde. "Wy ha no wer wat foarútsichten, dat hienen we earder net: in stip op de hoarizon."

Dynamyske enerzjymerk

As de 'battery packs' der ien kear steane kin Thialf sels de ynkeap fan stroom dwaan. "Op de dynamyske merk ferskilt de priis per oere", leit de ynterim-direkteur út. Dat betsjut dat Thialf op mominten dat de stroom goedkeap is ynkeapje en opslaan kin.
"We kinne ek weromleverje oan it net op it stuit dat der ferlet fan is", fertelt Dolstra. Sa kin Thialf njonken goedkeap ynkeapje de enerzjykosten ek drukke troch stroom tsjin in hegere priis wer te ferkeapjen.
Berekkeningen hawwe neffens Dolstra oanjûn dat de kosten foar enerzjy mei dit nije systeem fan mear as in miljoen euro yn it jier, werombrocht wurde kinne nei om ende by de 400.000 euro.
De kennis dy't opdien wurdt mei it nije systeem, sil Thialf diele mei de rest fan it lân. Binnen in pear moannen moat it wurk klear wêze.