Plysje hâldt noch njoggen fertochten oan nei rellen by Fryske derby

Ungeregeldheden nei de Fryske derby © CAMJO media
De plysje hat op 'e nij njoggen fertochten oanhâlden foar de rellen nei ôfrin fan de derby fan SC Cambuur tsjin sc Hearrenfean. Op 19 febrewaris wienen der rellen yn Ljouwert.
It giet om sân manlju út de gemeente Ljouwert en twa út de gemeente Alkmaar. De jongste is minderjierrich, de âldste 29 jier. Se binne opspoard mei help fan kamerabylden.
"Ze worden verdacht van het plegen van openlijke geweldpleging en vernielingen bij het stadion", seit Anne Kok fan de plysje.
Nei ôfrin fan de wedstriid sochten de supportersgroepen de konfrontaasje mei mekoar en mei de plysje. De bussen fan de sc Hearrenfean-supporters waarden bekûgele mei stiennen, hout en beton, wêrtroch't foar tsientûzenen euro's skea ûntstie. In foarbygonger rekke slim ferwûne doe't er in stien fol yn it gesicht krige.
De plysje nei de Fryske derby yn Ljouwert © CAMJO media
De plysje prate op dy sneintemiddei mei in tsjûge dêr't de plysje no graach wer mei yn kontakt komt. "Deze man stopte toen een ME-voertuig en had informatie over een incident waarbij een persoon zwaar gewond raakte en misschien heeft hij nog meer informatie."
Dizze arrestaasjes komme neist de acht oanhâldingen dy't koart nei de wedstriid al dien wienen. De plysje ferwachtet kommende wike mear oanhâldingen dwaan te kinnen. "Het onderzoek loopt nog."
Anne Kok fan de plysje