Operaasje oan de holle by âld-Cambuurtrainer Henk de Jong is slagge

Henk de Jong © ANP
De operaasje fan âld-Cambuurtrainer Henk de Jong is slagge. Dat meldt de klup op Twitter. It giet nei omstannichheden goed mei de 58-jierrige Drachtster.
De Jong hie in kyste yn de holle. Dat smiet him al jierren klachten op, mar net sa slim dat er syn wurk as fuotbaltrainer net mear dwaan koe. Oant ein 2021, doe't er as trainer fan Cambuur út de rûlaasje rekke.
Begjin 2022 pakte De Jong syn wurk wer op, mar yn maart hold er wer op. Troch rêst te pakken, gienen de klachten dêrnei fuort. Mei frisse moed begûn er fan it simmer oan it nije fuotbalseizoen, mar yn oktober ferline jier moast er syn wurk dochs wer dellizze. Hy kaam ta de konklúzje dat it "dochs net giet".
Omdat er net woe dat de kyste syn libben bepaalde, hat er keazen foar in operaasje. Dy wie net sûnder risiko: "Se seagje it efteryn iepen en dan moatte se troch aardich wat laachjes hinne, want it sit hiel djip yn myn holle", fertelde er yn desimber. By de operaasje litte se de kyste leechrinne, sadat de druk derôf giet.
Cambuur freget no oan elkenien om De Jong rêst te gunnen, sadat er goed opknappe kin fan de operaasje.