Fergeze sinnepanielen foar minimacamping yn De Grinzer Pein

Appie Wijma © Omrop Fryslân, Willem de Vries
Appie Wijma fan camping Polemonium yn De Grinzer Pein is út de skroeven. De camping foar minsken mei in lytse beurs hat koartlyn 48 sinnepanielen krigen fan de protestantske gemeente yn Weststellingwerf.
"Ik bin hielendal gelokkich, dit is geweldich", seit Wijma. Hy fertelt hoe't de donaasje ta stân kommen is. "Ik ha in kear in lêzing jûn yn it tsjerke yn Aldeholtpea en ik ha sein dat enerzjy myn grutste probleem wie. Yn it jier bin ik wol sa'n sân- of achttûzen euro kwyt."
De camping is fergees foar besikers en wurdt draaiende holden mei eigen bydragen en donaasjes yn de foarm fan jild, mar ek iten en klean. "Elke dei wurdt der guod brocht, elke dei."

Sinnepanielen

De protestantske gemeente Ter Holten, fan Aldeholtpea, Nijeholtpea, Aldeholtwâlde en Teridzert woe it enerzjyfraachstik foar de camping oplosse. De gemeente hat derfoar soarge dat Wijma dit seizoen al fan syn hege enerzjykosten ôf is. "Se seinen: 'wy dogge it direkt, dan kinst der direkt gebrûk fan meitsje'."
De camping fan Appie Wijma yn De Grinzer Pein © Omrop Fryslân
En sa is it gongen, fertelt Wijma. Der kamen al hiel rap minsken del om de panielen te pleatsen. "Se ha hjir doe west om te sjen en seinen dat se der mei seis wiken wol wêze soenen. Fan 'e moarn wurdt de meterkast oanlein, en hooplik ha wy fan 'e middei fergees stroom."