Tadema's Mûne by Boalsert krijt opknapbeurt

De mûne by de A7 © CAMJO Media
Al hast twahûndert jier pronket mûne Lonjé, ek wol Tadema's Mûne, oan de râne fan Boalsert. It ryksmonumint wurdt opknapt en stiet yn de stegers.
It houtwurk is ferrotte, it wurdt skildere, it krijt nije seilen en nij reid. Yn 2001 wie der ek al in grutte restauraasje, no is de opknapbeurt wer nedich, mei in houten mûne dy't yn waar en wyn stiet.
It opknappen wurdt betelle troch Wetterskip Fryslân dy't de eigener is. Dit is de iennige mûne dy't noch eigendom is fan it wetterskip en noch yn funksje is, mei needbemealling en gemaal. It plan is dat it wurk klear is foar 13 maaie, op Nationale Molendag.
De mûne is boud yn 1824 en bestiet takom jier dus 200 jier. Dan binne der tal fan feestlikheden om by it jubileum stil te stean.