Nei reizgjen yn Brazilië, Súd-Amearika en Azië wennet Berber no yn Berlyn: "Nei de simmer nei Yndia"

Nei har middelbere skoaltiid hat Berber van der Kooij út De Rottefalle net ien, mar hast trije tuskenjierren nommen en dat hat har oeral op 'e wrâld brocht. Nei Grins, Amsterdam, Brazilië, Súd-Amearika en Azië, wennet se no tegearre mei har bêste freondinne Tessa yn Berlyn.
Berber is opgroeid yn De Rottefalle en woe nei har middelbere skoaltiid op it Drachtster Lyseum graach yn har tuskenjier nei Australië en Nij-Seelân. Dat iene tuskenjier waarden trije en sa is se nei Tailân, Fjetnam, Guatemala en Nicaragua ôfreizge. It reizgjen fielde foar Berber echt as in ferslaving.
Ek yn Sao Paolo hie se in geweldige tiid, doe't se dêr by it WK yn 2014 frijwilligerswurk die. It wie dêr ien grut feest. "Der wiene doe grutte strjitfeesten fan elkenien fan oer de hiele wrâld." Om't it wol in djoere reis wie, hat Berber foar't se fuortgie fulltime yn de supermerk wurke. Achterôf fynt Berber it wol wat nayf: in njoggentjinjierrige dy't in reis makket nei Brazilië.
Yn de rubryk Operaasje Fryske Flagge ha we kontakt mei Friezen oer de hiele wrâld. Trije jier lyn begûn Omrop Fryslân mei dizze kampanje, om in emoticon fan in Fryske flagge op de telefoan te krijen. Dy liket der foarearst net te kommen, om't it nije bedriuw dat WhatsApp oernimt, pas in flagge makket as in lân ûnôfhinklik wurdt en erkend wurdt troch de ISO.
Dochs binne der noch genôch ferhalen te fertellen: Friezen sitte oeral op de wrâld. Wat driuwt har en hokker aventoeren meitsje se mei?
Nij libben
It wie middenyn de coronapandemy yn 2021 doe't se spontaan besleat om mei har bêste freondinne Tessa, dy 't se noch koe fan de middelbere skoalle, yn in nije stêd te wenjen. "Wy woene tegearre in nij aventoer oangean." Tessa komt fan Oerterp en wenne doe yn Grins. Berber sels wenne anty-kreak yn Amsterdam en wie ta oan wat nijs. Sa ûntstie it idee om in nij libben op te bouwen yn in nije stêd.
En dy stêd is dus Berlyn wurden. It is foaral de frijheid fan de stêd dy't har oansprekt. "We hiene der al in pear kear west en we tochten: it fielt hjir sa frij. Dat fielde goed."

Yn it ghetto
Fia in Facebookgroep foar Nederlanners yn Berlyn hawwe Berber en Tessa gau in appartemint fûn. "We wenje no yn it ghetto fan Berlyn", grapket se. "Nee hear, dat falt hiel bot ta. It is in gesellige wyk en ús freonen wenje hjir ek."
Yntusken hat se it al twa jier nei it sin yn de stêd en praat se al in aardich wurdsje Dútsk. "Dat ha ik leard doe't ik yn in Biergarten wurke." Har kollega's sprutsen opfallend genôch net sa goed Ingelsk, dus praten se ûnderling Dútsk mei-inoar. "As elkenien Dútsk tsjin dy praat, dan learst it hiel gau." Yntusken wurket se foar in Amsterdamske bierbrouwerij yn Berlyn, har freondinne Tessa wurket yn in restaurant.

Kultuershock
Fan Berlyn ôf is it ûngefear seis oant sân oeren riden nei Fryslân en dus komt Berber geregeld wer efkes werom nei de provinsje. "Der giet sels in bus streekrjocht nei Drachten, dat is flakby myn âlden. En dan gean ik ek altyd even del by pake en beppe op De Rottefalle."
It libben yn Berlyn is neffens Berber wol hiel oars as yn De Rottefalle. As se werom is, fielt se in grutte kultuershock. Dat komt neffens har benammen om't Berlyn in kreative, hippe stêd is, dêr't minsken hiel frij libje. Der wurdt by it sykjen fan in baan bygelyks hast nea frege nei diploma's, der is gjin njoggen-oant-fiifmentaliteit en de kreativiteit fielst oeral yn de strjitten.
Yndia
Hoewol't Berber al in soad fan de wrâld sjoen hat, is se noch net útreizge: "Ik wol graach nei de simmer wer op reis; nei Yndia om in yogacursus te folgjen fan in moanne. En miskien noch nei oare lannen yn Azië." Dêrnei is se fan doel om wer werom te gean nei de Dútske haadstêd.