Waadfûns jout miljoen foar wei-masine op Skylge; gjin ôffal mear en 'fricotta'

De tsiismakker op Skylge © TS-Cheese advies en kaasmakerijdiensten
In tsiismakker op Skylge krijt ien miljoen euro subsydzje fan it Waadfûns foar de oanskaf fan in wei-masine. Mei dy masine kin er 'fricotta' meitsje, Fryske ricotta.
"De wei van de kaasproductie is nu nog een restproduct en die gaat weg, maar door 90 graden verhitting en dat 20 minuten lang vindt er eitwitscheiding plaats en dat kunnen we verwerken tot fricotta", seit Jan Willem Zeilstra, tsiismakker op Skylge.
Ricotta is in wite, rjemmige, Italiaanske tsiis makke fan kowe- of geitemolke. Mei de stipe fan it Waadfûns kin it meikoarten ek op Skylge makke wurde. De ynstallaasje dêrfoar kostet mei elkoar mear as twa miljoen.
Het smaakt heel lekker, we hebben uitgebreide testen gedaan bij Van Hall. Het is een frisse kwarkachtige smaak.
Jan Willem Zeilstra oer fricotta
Tsiismakkerij op Skylge © TS-Cheese advies en kaasmakerijdiensten
"Het smaakt heel lekker, we hebben uitgebreide testen gedaan bij Van Hall. Het is een frisse kwarkachtige smaak."
By de nije masine giet it benammen om it werombringen fan de ôffalstream. Mei tsien liter molke kin ien kilo tsiis makke wurde. Der is dus njoggen liter ôffal. "En straks is dat nul. Het streven is altijd geweest om circulair te kunnen werken en die laatste stap kunnen we nu realiseren."

Gjin ôffal mear

De wei wurdt no noch mei tastimming fan it wettersuveringsbedriuw op it eilân útwettere op it rioel. Dit mei meikoarten net mear en hoecht dus ek net mear. Sûnder ferwurkingsmooglikheid op it eilân soe de wei ôffierd wurde moatte nei de fêste wâl en dat transport liedt ta ekstra útstjit fan CO2.
De kennis dy't opdien wurdt mei de nije ynstallaasje wurdt dield mei boeren op It Amelân en Skiermûntseach dy't tsjin deselde problemen oanrinne.
Jan Willem Zeilstra