Provinsje jout natuerfergunning foar nije lokaasje Oerol, mar mei strange lûdsrestriksjes

De Betonning yn 2022 © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
Oerol mei dit jier fan de provinsje it parkearplak fan Peal 8 brûke as haadlokaasje. It Skylger festival krijt dêr in natuerfergunning foar, as se mar net tefolle leven meitsje.
Der wurdt al in pear jier skood mei it hert fan it festival. Oerol siet altyd op de Westerkeyn op Skylge, mar dat plak wie net mear beskikber. Ferline jier wie it hert noch opsplitst yn fjouwer plakken. Dat befoel net, dus waard wer ien plak keazen, it parkearplak by Peal 8.
De nije haadlokaasje fan Oerol © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
Dêr moast wol in nije natuerfergunning foar oanfrege wurde by de provinsje. Dy fergunning wol de provinsje ôfjaan, mar wol mei in betingst: op de lokaasje mei de muzyk net hurder as 75 desibel. Alteast, op de frekwinsjes dêr't fûgels lêst fan hawwe.
"Dit is nedich om sa'n festival plakfine te litten yn in Natura 2000-gebiet", leit deputearre Douwe Hoogland út. "Oerol moat hjir mei it festival ek mjittingen foar dwaan en wy sille dat kontrolearje."
Deputearre Douwe Hoogland
Wêr't festivals gewoanwei 103 desibel oanhâlde, moat Oerol dus flink sêfter. "Dat is zeker ambitieus", seit Oeroldirekteur Siart Smit. "Hier moeten we de nieuwste technieken bij inzetten."
Siart Smit © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
Sa wurdt sjoen nei oare speakers mei oare beklaaiïng. Mar ek it krekte plak fan it poadium hat ynfloed. "Het vraagt van ons een heel bewuste manier van denken."
Siart Smit