Noch gjin dúdlikheid oer natuerkwaliteit Natura 2000-gebieten yn Fryslân

Fochtelerfean hat te lijen fan tefolle stikstof © Omrop Fryslân, Remco de Vries
De provinsje Fryslân mist de deadline fan 1 april om it Ryk te ynformearjen oer hoe't it giet mei de Europeesk beskerme natuer yn de provinsje. Dan giet it om de saneamde Natura 2000-gebieten wêrfan't ûnder oare in part yn Súdeast-Fryslân lêst hat fan te folle stikstof.
Bestjoerlik wie ôfpraat dat de provinsjes sjen soenen oft de natuerdoelen yn dizze gebieten ek helle wurde. En ek wat je dwaan kinne as dat net it gefal is. Dêrfoar wurdt breder sjoen as allinnich nei stikstof.

Utstel

Dy saneamde natuerdoelanalyzes soene op 1 april oanlevere wurde by it ministearje fan LNV; de provinsje stelt dat no út nei 4 april. Dy ekstra tiid wurdt brûkt om te oerlizzen mei de provinsjes Drinte en Grinslân oer natuergebieten dy't op 'e grins mei Fryslân lizze.
Ek wolle Deputearre Steaten om tafel mei Provinsjale Steaten. Fierder is dy ekstra tiid neffens de provinsjale wurdfierder nedich omdat der yn de rin fan de tiid ek hegere easken steld binne oan de natueranalyzes.
Dêr komt nochris by dat dizze rapportaazjes ek gefolgen hawwe foar it ferlienen fan fergunnings, lykas earder yn Noard-Brabân bard is.

Boustien

De natuerdoelenanalyzes binne in wichtige boustien foar it meitsjen fan in gebietsrjochte oanpak wêrby't yn 'e mande mei ûnder oare boeren besocht wurdt wat te dwaan oan de stikstofbelesting fan de natuer. Foardat sy dêrfoar brûkt wurde, sjocht de nije Ecologische Autoriteit der ek noch nei.