Fjouwer Steateleden krije lintsje by ôfskied fan Provinsjale Steaten

Groepsfoto mei de 43 Steateleden fan de ôfrûne perioade © Omrop Fryslân
By harren ôfskied fan de Fryske polityk binne tiisdei fjouwer Fryske Steateleden beneamd ta lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau. It giet om Maaike Prins en Johan Tjalsma fan it CDA, Wiebo de Vries fan de ChristenUnie en Jan Walrecht fan de PvdA.
Tjalsma en De Vries wiene beide langjierrich lid fan Provinsjale Steaten. Foar Prins en Walrecht jildt dat se lange tiid warber wiene yn Provinsjale Steaten en in gemeenteried.
Fan de 43 sittende folksfertsjintwurdigers namen tiisdei mar leafst 27 ôfskied. Guon makken sels de kar om op te hâlden, mar oaren rekken harren mandaat kwyt troch it ferkiezingsresultaat. Ek troch de politike ierdferskowing fan 15 maart komt mar in minderheid fan 16 Steateleden werom yn de nije Provinsjale Steaten.

Underfining giet ferlern

Kommissaris fan de Kening Arno Brok betanke alle Steateleden foar harren ynset: "Jo hawwe der in ôfgryslik soad tiid yn stutsen". De kommissaris neamde it spitich dat der safolle politike ûnderfining ferlern giet foar Provinsjale Steaten.
De 'âlde' Provinsjale Steaten fan Fryslân kamen tiisdei foar it lêst byinoar foar harren ôfskied. Woansdei set offisjeel de nije folksfertsjintwurdiging útein, dy't op 15 maart troch de ynwenners fan Fryslân keazen is.
Kommissaris Brok seach werom op de hjoeddeiske Steateperioade, dy't fersteurd waard troch it coronafirus. Hy sei dat it yn de Fryske Steaten 'gelokkich' hiel gewoan is om te besykjen om politike ferskillen te oerbrêgjen: "De gearwurking is oer it generaal noflik".

Noflike gearwurking

Ferskate Steateleden ûnderstreken dat troch de kollega-steateleden, de kommissaris en de griffy wiidweidich te betankjen foar de noflike gearwurking. Allinnnich ôfskiednimmend Steatelid Erwin Jousma fan FvD beneamde dat hy de sfear yn de Steaten ek in skoft 'minder noflik' fûn hie.
Kommissaris fan de Kening Arno Brok © Hoge Noorden / Jacob van Essen
Brok wiisde der ek op dat tolve Steateleden tuskentiids opholden. Ek lanlik is de ôfrûne fjouwer jier hast in kwart fan de Steateleden earder opstapt. Brok fynt 'dy wikselfallichheid' in minne ûntwikkeling.

Betrouwen yn de polityk

It is neffens him ek net goed foar it betrouwen fan de boargers yn de polityk. Hy frege dêrom de oanwêzige Steateleden om 'sunich te wêzen op it mandaat fan de kiezer' en yn alle gefallen de termyn fan fjouwer jier fol te meitsjen.
De kommissaris sjocht noch leaver dat de Steateleden langer as fjouwer jier aktyf binne, want soks is goed foar de dossierkennis en it 'politike geheugen' fan de Steaten. Yn de nije Steaten sitte mar trije leden dy't al mear as tsien jier lid binne. It giet om Avine Fokkens fan de VVD en om Max Aardema en Harry Graansma fan de PVV.