Drokbesochte ‘skiednismoarnen’ yn Twizelerheide: “Altyd prachtich”

It wie tiisdeitemoarn in drokte fan belang yn doarpshûs De Jister yn Twizelerheide. Mear as sechstich minsken kamen nei de moanlikse 'skiednismoarn' foar de 'âlde garde' fan Twizelerheide en omkriten.
Yn dizze gearkomsten wurde foto's en fideo's toand en wurde ferhalen oer eartiids ferteld. De oanlieding foar it organisearjen fan de moarn is it oanpakken fan it feriensumjen fan de 'âlde garde'. "Troch corona is dat behoarlik grutter wurden", fertelt organisator Klaas Dijkstra. "Dêrom ha wy ien kear yn de fjouwer wiken in moarntiid hjir oer de skiednis fan Twizelerheide."
Ek dizze tiisdei is it wer drok yn De Jister mei tsientallen ynwenners en âld-ynwenners fan Twizelerheide en omkriten. Ien fan harren is de 84-jierrige Roel Dijkstra. "It binne altyd gesellige moarnen. Der wurde dia's draaid fan eartiids en sa. Wy fine it hjir altyd prachtich."
Fêste prik
De gearkomsten binne folslein fergees, ynklusyf kofje. Dat is mooglik troch in subsydzje dy't it doarpshûs krigen hat. Foar in soad minsken binne de 'skiednismoarnen' ûnderwilens fêste prik wurden. "It is in stikje belibbing foar de minsken, dat se der dochs graach út wolle."