Thialf krijt 2,44 miljoen ekstra fan it Ryk om enerzjyproblemen oan te pakken

IIsstadion Thialf krijt 2,44 miljoen euro fan it Ryk om te ynnovearjen en de enerzjyrekken omleech te krijen. Dat is oanfoljend op de 1 miljoen dy't al tasein wie troch minister Conny Helder foar Sport.
Troch de heech oprinnende enerzjyrekken wol Thialf ynnovearje yn 'battery packs', dy moatte de enerzjy opslaan fan de fiiftûzen sinnepanielen dy't op it dak lizze. Nei ûnderhannelingen tusken de twa oandielhâlders Provinsje Fryslân en gemeente Hearrenfean mei it Ryk is it dochs slagge it folsleine bedrach binnen te heljen.
"Ik ga hiertoe over omdat een investering in battery packs op korte en lange termijn de exploitatie van Thialf duurzaam verbetert. Hierdoor kan topsport in Thialf doorgang blijven vinden", sa skriuwt minister Helder yn in keamerbrief.
Utsûnderingsposysje
Mei de 'battery packs' kin de enerzjyrekken fan Thialf werombrocht wurde nei ûnder it âlde nivo fan 400.000 euro, dat is sa'n 1 oant 2 miljoen euro leger as it bedrach dat it iisstadion no te wachtsjen stiet.
Gefolch is wol dat der in ein komt oan de útsûnderingsposysje fan Thialf as topsportlokaasje sa't neamd is yn it koälysjeakkoart. Helder seit ek Thialf net opnimme te kinnen yn de stipemaatregel foar iepenbiere swimbaden, dêr is neffens har gjin romte foar.
Deputearre Friso Douwstra skriuwt op Twitter tige wiis te wêzen mei de ynvestearring.