Nij elektrisiteitsstasjon Ljouwert moat 2027 klear wêze

Hjir moat it spanningsstasjon komme © Omrop Fryslân / Tennet-Liander
Elektrisiteitsnetbehearders TenneT en Liander hoopje yn 2027 in nij elektrisiteitsstasjon klear te hawwen oan de súdwestkant fan Ljouwert. It giet om in lokaasje by bedriuweterrein De Zwette, oer it Van Harinxmakanaal. It soe dan njonken de nije wenwyk Middelsee komme.
Ien en oar is lykwols noch net útiten, omwenners kinne noch yn berop gean tsjin de plannen. Ek moatte gemeente en de netbehearders noch om tafel mei grûneigeners. "We zijn daarover in gesprek", fertelt Matthijs Coops fan TenneT.
TenneT en Liander wolle dat de prosedueres fluch geane, want se wolle sa rap mooglik bouwe. Oer fjouwer jier moat it stasjon der stean. Dat is bedoeld foar heech- en middenspanning. De komst fan it stasjon is belangryk om de problemen op it elektrisiteitsnet yn Fryslân op te lossen. It net sit fol.
"Het station zorgt voor meer capaciteit op het midden- en laagspanningsnet van Liander," seit Coops. "Dat gaat betekenen dat er meer energie opgewekt kan worden maar ook kan worden getransporteerd voor bedrijven bijvoorbeeld."
In bewenner wurdt bypraat oer de plannen © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
De plannen foar de ûntwikkeling fan de nijste Ljouwerter wenwyk Middelsee rinne lykwols flinke fertraging op fanwegen it folle net. "Dat betekent dat geplande initiatieven tot na 2027 niet aangesloten kunnen worden, denk daarbij aan bijvoorbeeld een supermarkt of een sportcomplex."
Bewenners fan de nije wenwyk Middelsee sille earst net al te folle fernimme fan it nije stasjon. "Ze zullen wellicht de transportbewegingen gaan opmerken. Op lange termijn merken ze dat er meer mogelijk is hier, met name voor bedrijven."