Brân yn wenning mei asbest yn Twizelerheide ûnder kontrôle

De brân © RTVNOF
Yn in wenning oan It Skeanpaad yn Twizelerheide hat brân west. De wenning en in loads binne dêrby ferlern gien. De brânwacht krige om 15.40 oere de melding. Yn it hús siet mooglik asbest, dêr waard in protokol foar opstart.
Dêrom wie in mjitploech op it plak fan de brân kaam om delkommen roetdieltsjes yn kaart te bringen. De wenning en achterlizzende loads stienen yn de brân en gienen ferlern. Der binne gjin minsken of bisten ferwûne rekke.
Oer de oarsaak is noch neat bekend. Yn ferbân mei de wetterwinning wie in grut wettertransport oproppen. De korpsen fan Bûtenpost, Dokkum en Burgum wienen oproppen.