Bern mei in beheining sporte minder faak, ynspiraasjejûn moat dêr feroaring yn bringe

Bern fan fjouwer oant en mei santjin jier mei beheining sporte minder faak as bern sûnder beheining. Dêrom wurdt der tiisdeitejûn in ynspiraasjejûn foar âlden en fersoargers fan bern mei in beheining organisearre yn it Abe Lenstra Stadion op It Hearrenfean.
Ut sifers fan it CBS en RIVM út 2021 docht bliken dat mar 33% fan de bern mei in beheining ien kear yn de wike sport, wylst dat by bern sûnder beheining 70% is.
Jongeren mei in beheining bewege faak net genôch en ite faak net sûn, neffens de organisaasje fan de ynspiraasjejûn. Dêrom stiet it evenemint tiisdei yn it ramt fan oanpast sporten en it kreëarjen fan in sûne libbensstyl foar dizze groep bern.
Ekstra oandacht
Stichting Moeders Ondersteunen Moeders, Sportstad Heerenveen en de gemeente organisearje de jûn om âlden te ynformearjen oer oanpaste sport, bewege en sûn ite. Opfieders spylje neffens de organisaasje in wichtige rol yn de libbensstyl fan bern.
"Er is veel informatie beschikbaar. Maar lang niet alle jongeren met een beperking of hun ouders weten die te vinden. Daarom wilden wij daar extra aandacht aan besteden", fertelt Sybrig Sytsma, wethâlder fan de gemeente Hearrenfean. Sy iepenet jûn it evenemint.
By it evenemint binne der standsjes dêr't âlden en fersoargers terjochte kinne foar ynformaasje. Ek kinne besikers harkje nei taspraken en kinne sy ûnderfinings útwikselje mei professionals.
Sûne libbensstyl
Foar de measte jonge bern is sporte hiel gewoan. Mar foar bern mei in beheining is dat net sa fanselssprekkend. "Kinderen zonder beperking weten waar ze heen kunnen voor bijvoorbeeld zwemles. Maar voor leeftijdsgenoten met een beperking ligt dat niet zo voor de hand", fertelt se.
"Je weet vaak niet welke aanpassingen nodig zijn en hoe je die kunt krijgen." Dêr hopet Sytsma mei de ynspiraasjejûn feroaring yn te bringen.
Genôch sporte
Yn de gemeente Hearrenfean binne neffens Sytsma yn alle gefallen genôch sporten foar dizze doelgroep. "Wij hebben ongeveer twintig sportteams. Van rolstoelhockey tot zwemmen: er is van alles. Alleen niet iedereen weet de weg nog te vinden."
Neffens Sytsma is de jûn ek foar minsken sûnder fragen: "Er zijn veel personen die in dezelfde situatie zitten. Door naar deze verhalen te luisteren en mensen te leren kennen, doe je misschien weer ideeën op."