Twadde fertochte oanholden foar oerfal tankstasjon Beetstersweach

It tankstasjon dat oerfallen waard © Srfotografie
De plysje hat in minderjierrige jonge út Drachten oanholden, dy't fertochte wurdt fan belutsenens by in oerfal op in tankstasjon yn Beetstersweach.
De jonge sit fêst en wurdt troch de plysje ûnderfrege. Earder hie de plysje ek al in minderjierrige Drachtster oanholden foar de oerfal.
It tankstasjon oan de Haadstrjitte yn Beetstersweach waard op 4 febrewaris troch twa persoanen oerfallen. It telefyzjeprogramma Opsporing Verzocht bestege omtinken oan de saak.
By de oerfal besochten twa jonges ûnder bedriging fan in mes jild út de kassa te krijen. Dat mislearre. De fertochten ha wol de tas en telefoan fan in meiwurker meinommen.