Trochbraak foar it Noardfrysk: Sleeswyk-Holstein komt mei struktureel jild foar lesmateriaal

It Nordfriisk Instituut yn Sleeswyk-Holstein sil noch dizze simmer seis minsken oannimme om nij Noardfrysk lesmateriaal te meitsjen foar de skoallen yn de regio. Dat is hurd nedich, want it tal bern dat les krijt yn it Noardfrysk is de lêste jierren hurd achterútbuorke.
Underwizers yn Noardfryslân fine it dreech om Fryske les te jaan, omdat der fierstente min lesmateriaal is. De dielsteat Sleeswyk-Holstein leit dêrom struktureel in heal miljoen euro op it kleed foar it ûnderwiis yn it Noardfrysk, en dêrtroch kin der no lang om let wurke wurde oan nij eigentiidsk lesmateriaal.
Mear minsken en ekstra jild
It Nordfriisk Instituut makke dit tiisdei bekend op in parsekonferinsje. Direkteur Christoph Schmidt fan it Nordfriisk Instituut hie it oer 'in grut polityk súkses'. Syn ynstitút wurdt dizze simmer yn ien kear hast twa kear sa grut en sil no ek folle mear betsjutte kinne foar it ûnderwiis yn de regio.
It ynstitút giet no, om it konkreet te meitsjen, yn ien klap fan 7,6 nei 13,6 fte. Dat betsjut yn de praktyk dat der seis meiwurkers by komme. It is ek wichtich foar de tsien skoallen dy't Noardfrysk jouwe. Dy hawwe ferline jier de needklok let op in konferinsje oer it Noardfrysk ûnderwiis.
Der is mar sa'n bytsje lesmateriaal yn de taal beskikber, dat ûnderwizers twongen binne om sels yn eigen tiid lessen te meitsjen en dat is hiel dreech fol te hâlden. Je krije dan ek net de kwaliteit dy't je wolle. Dat sinjaal is dus oankommen by de polityk yn Kiel, want dy komt no mei ekstra jild.
Trochgeande learline
Lars Harms fan minderhedepartij SSW die ferline wike yn de lândei fan Sleeswyk-Holstein it foarstel om struktureel mear jild út te lûken foar it ûnderwiis yn it Noardfrysk. "Learkrêften sels har eigen materiaal meitsje litte yn eigen tiid is ûnbesteanber", seit Harms.

"De dosint Ingelsk en de dosint wiskunde hoege dat ek net. As je in taal oanbiede wolle op skoalle, dan moatte je dat goed dwaan mei profesjoneel materiaal." It is no noch sa dat in soad skoallen mar twa jier Noardfrysk jouwe, domwei omdat der net mear materiaal foar hannen is.
De nije ûnderwiisgroep op it Nordfriisk Instituut moat soargje foar in trochgeane learline mei foldwaande goed materiaal foar beukerskoallen, foar alle groepen fan it basisûnderwiis en ek foar kursussen foar folwoeksenen.
Oare farianten
"Wy wolle ek graach dat ús minsken by de skoallen del geane, om skoallen en âlders te motivearjen om mear Noardfrysk te jaan", fertelt Schmidt. "Mei nij materiaal fan in goeie kwaliteit kinne we de skoallen ek wat biede."
Omdat it Noardfrysk gjin standerttaal hat, sil it Nordfriisk Instituut learmaterialen meitsje yn de farianten Ferring (fan it eilân Feer), Sölring (Sylt) en yn it Mooring, it Noardfrysk fan de fêste wâl. Mooglik dat dêr letter ek noch oare farianten bykomme, lykas it Halunder fan it eilân Helgolân.
Bedrige taal
Noardfryslân hat sa'n 150.000 ynwenners. Fan dy 150.000 prate op syn meast - en dat is dan in optimistyske skatting - 10.000 minsken Noardfrysk. UNESCO hat it Noardfrysk kwalifisearre as in bedrige taal.
Taalkundige Henk Wolf wurket as taalstiper yn Seelterlân yn Niedersaksen, mar hat earder ek Noardfrysk leard en ûnderwiisd. "Net ien wit krekt hoefolle Noardfryskpraters der binne. Mar it is net sa dat je taal rûnom op de dyk hearre, lykas yn ús Fryslân. Krekt dêrom is it ûnderwiis sa wichtich foar it bewarjen en it trochjaan fan de taal", seit Wolf.
Afûk gearwurkingspartner?
Ek Wolf is bliid mei de ekstra ynvestearring yn it Noardfrysk. "It is ek foar de Seelterfriezen in ekstra argumint om foar mear stipe te pleitsjen foar ús lytse taaleilân. Foarhinne krigen we wol te hearren; de Noardfriezen hawwe soks ek net, mar dat argumint jildt no net mear."
By it ûntwikkeljen fan nij lesmateriaal sil it Nordfriisk Instituut ek sjen nei oare minderheden yn Europa, lykas de Sorben yn Brandenburg en Saksen. Ek de Afûk yn Ljouwert wurdt sjoen as mooglike boarne fan ynspiraasje en gearwurkingspartner.