Friezen binne it net iens oer wat natuer krekt is, wichtich fine se it wol

In heidepaadsje yn natuergebiet it Aekingersân © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Hast alle Friezen, njoggen op de tsien, fynt de natuer yn Fryslân wichtich of sels tige wichtich. Oer wat dy natuer dan krekt is, binne Friezen it net hielendal iens. Dat docht bliken út ûndersyk fan it Planburo Fryslân.
Ut it ûndersyk ûnder goed trijetûzen panelleden wurde ferskate saken dúdlik. Njoggentich persint fan de Friezen fynt de natuer wichtich, mar ek hast in tredde fynt dat der best Natura 2000-gebieten skrast wurde kinne.

Natuer en lânskip

Wat neffens Sjaak Moerman fan it Fryske planburo ek dúdlik wurden is, is dat Friezen ferskillende opfettingen ha oer de definysje fan bepaalde wurden. "Eén van de belangrijkste uitkomsten van dit onderzoek is dat de begrippen landschap en natuur heel erg met elkaar verweven zijn."
Neffens Moerman is it wichtich om dat yn de efterholle te hawwen. "Dat is belangrijk als je het hebt over bepaalde ingrepen in het landschap of bepaalde maatregelen die aan de natuur raken, dat je het met de belanghebbenden over dezelfde dingen hebt."
It flakke greidelân by Vegelinsoard © Omrop Fryslân, Sian Wierda
"Als het gaat over landschap dan leggen mensen al snel de verbinding met natuur, en over wat onder landschap wordt verstaan zijn mensen het meestal wel eens", seit Moerman. "Maar als het gaat over natuur, dan wordt het vaak wat onduidelijker. Gaat het alleen over Natura2000-gebieden, gaat het ook over de weilanden?"
Sa wurde greiden troch twatreddepart fan de Friezen sjoen as natuer, wylst in protte greiden neffens it planburo oanlein binne as lânbougrûn.

Boereprotesten

De panelleden is ek frege oft se de boereprotesten stypje, en op hokker wize. "Het is wel opmerkelijk dat zowel voorstanders als tegenstanders veel waarde hechten aan natuurlandschap en biodiversiteit."
En fan de minsken dy't oanjoech de boereprotesten te stypjen, jout goed in treddepart oan ek te finen dat stikstof in probleem is foar de natuer. Dat liket opmerklik, mar is neffens Moerman wol út te lizzen. "Er is ook breed draagvlak voor andere maatregels, buiten de agrarische sector. Bijvoorbeeld strengere milieueisen voor industrie of verkeer."
It Natura 2000 Snitsermargebiet, hjir de Kop Bloksleatpolder dat ûnder Steatsboskbehear falt © Omrop Fryslân, Sian Wierda
"Als je kijkt naar het ter discussie stellen van Natura 2000-gebieden is het beeld verdeeld", sjocht Moerman. "Een derde denkt dat je dat wel zou kunnen doen, tegelijk zegt ook een derde het er niet mee eens te zijn."
Op de eftergrûn binne ferskate politike partijen mei ferkenner Chris Stoffer yn petear om ta in koälysje te kommen. Mei it each op dy petearen kin dit ûndersyk neffens Moerman in ynsjoch biede yn de mieningen fan Friezen oer natuer. "Ik denk dat het een mooie weerslag geeft van het burgerperspectief op deze toch wel heel erg verweven begrippen landschap en natuur."