Besjoch hjir de unike fideobylden fan de twa klapmûtsen op Flylân
De twa klapmûtsen op Flylân binne foar it earst op fideo te bewûnderjen. Fotograaf Gerard Koster lei de bisten fêst mei syn kamera. Neffens Koster is it de earste kear dat der fideomateriaal makke is fan de seehûnsoart bûten de poalstreek.
De fotograaf gie juster op 'en paad mei syn tastel, en makke neist fideo's ek de nedige foto's. Dizze binne fierderop yn dit artikel te besjen.
Gisse nei reden
Sophie Brasseur fan Wageningen Marine Research neamt de berte fan de klapmûtse op Flylân 'ongelooflijk'. "Zo af en toe komen hier weleens klapmutsen, maar een geboorte is hier nog niet voorgekomen, en volgens mij ook niet in de buert", fertelt Brasseur, neffens wa't it rieden is nei wat de mem hjir brocht. Gewoanwei komme de bisten nammentlik foar rûn Grienlân.
"Tja, wat deze moeder bewoog om hier naartoe te komen blijft een vraag. Normaal zwemmen ze solitair de hele Noordzee langs. Deze klapmuts besloot blijkbaar om een andere kant op te gaan."
It bist is ûnder oare te werkennen oan syn swarte plakken. Ek binne de bisten grutter as de gewoane seehûn. Froulike klapmûtsen hawwe deselde omfang as de mantsjes fan dizze soart. Fierder kinne mantsjes klapmûtsen de noasfluezen opblaze, wêrnei't der in reade ballon út de noas ferskynt. Dit dogge se om oare mantsjes te ymponearjen.
Koarte speentiid
It is trouwens net mooglik dat de mem tegearre mei har jong nei Flylân swom. "Deze dieren hebben een korte zoogtijd. De jongen worden gespeend in enkele dagen. Dat is dus zo kort dat ie niet samen met zijn moeder op pad heeft kunnen gaan. Hij is dus echt hier geboren."
Nei oerlis mei seehûnesintrum Pieterburen hawwe de plysje en it leger it gebiet ôfsletten foar publyk. Dat is wichtich om't it jong yn alle rêst ôfwend wurde moat. "Dat duurt vier dagen. Dus de moeder moet in die tijd alles door kunnen geven."
Wat no?
Dan stiet de pup der allinnich foar, want de mem giet dêrnei fuort. "Wat het jong dan gaat doen? Het kan goed zijn dat die een aantal dagen of weken blijft", seit Brasseur. "Normaal liggen ze op ijs, en dat is niet zo stabiel. Op de Vliehors blijft het jong in ieder geval goed liggen. Dus misschien vindt ie het er wel leuk."
Gewoanwei kinne se harsels yn libben hâlde mei swiet wetter dat se fan it iis slikje, mar dat is no gjin opsje.
As it echt net oars kin, sil Zeehondencentrum Pieterburen yngripe en de pup fange. Mocht in setsje nedich wêze yn de goede rjochting, dan sil it bist miskien útset wurde fierder op de Noardsee.