Pascal Bosschaart hâldt nei dit seizoen op as assistint-trainer by SC Cambuur

Pascal Bosschaart © ANP
Assistint-trainer Pascal Bosschaart giet nei dit seizoen fuort by SC Cambuur. Hy wie fjouwer jier assistint-trainer by de klup.
Bosschaart seit werom te sjen op "mooie en leerzame jaren, waarin ik me professioneel heb kunnen ontwikkelen". De assistint, dy't yn 2019 by de klup kaam, wurke jierren mei âld-trainer Henk de Jong. Bosschaart bleau oan doe't De Jong syn taken as trainer fanwegen syn sûnens dellizze moast. De lêste moannen stjoerde er de Ljouwerters oan mei Sjors Ultee.
"Ik heb prachtige momenten meegemaakt met de club en de supporters", skriuwt Bosschaart. "Daar wil ik iedereen voor bedanken. Op naar een mooi einde en een nieuw begin."

Kontrakten

Tiisdei sil Cambuur nei alle gedachten mear bekend meitsje oer kontrakten dy't wol of net ferlinge wurde. Oant dy tiid wol algemien direkteur Ard de Graaf der noch neat oer sizze.
Fuotbalklups moatte de kontrakten fan spilers (mei in ôfrinnend kontrakt) foar 1 april formeel opsizze. As klups dat net dogge, kinne de spilers harren kontrakt noch opsizze foar 15 maaie. Bart dat net, dan wurdt it kontrakt automatysk mei in jier ferlinge tsjin deselde betingsten.
De kontrakten fan oare leden út de technyske stêf rinne ek ôf. Dat giet om ûnder oaren assistint-trainers Rob Alflen en Martijn Barto en keeperstrainer Peter van der Vlag. It kontrakt fan haadtrainer Sjors Ultee rint nei dit seizoen noch wol in jier troch.